Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
== Skiednis ==
=== Iere skiednis ===
De Transfaal-regio wurd al tûzenen jierren bewenne troch foarâlden fan de [[Khoisan]] en troch Izertiidrekfoarâlden fan hjoeddeisk Bantûtalige[[Bantû]]talige Súd-Afrikanen, bygelyks [[Sotho]], [[Swaty]], [[Tswana]], [[Pedi]], [[Venda]] en [[Transfaal-Ndebele]] minsken. By de begjin fan de [[19e ieu]] wie it gebiet dat letter de Súd-Afrikaanske Republyk wurde soe it thús fan tûzenen delsettings, wêrûnder Dithakong, wêrfan it ynwennertal oerienkaam mei it tal ynwenners fan [[Kaapstêd]] yn dy tiid. De ynwenners fan dizze doarpen en stêden hâlden harren dwaande mei buorkjen, mynbou, it meitsjen fan metalen ark meitsje en lange ôfstân hannel. Yn [[1817]] waard it gebiet oanfallen troch [[Mzilikazi]], in earder luitenant fan Zulu-kening [[Shaka]]. Nei in koarte alliânsje mei de Transfaal-Ndebele waard Mzilikazi lieder fan it Ndebele-folk. Mzilikazi’s ynfaasje fan de Transfaal wie in itde begjin fan in searje fan oarlogen, forsearre migraasjes en hongersneed, in barren dy’t letter bekend wurde soe as de ''Difaqane''. Yn de Transfaal soarge de Difaqana derfoar dat de doarpen en stêden, it politike systeem en de ekonomy ferswakken en fersteurd rekken, wêrtroch it gebiet maklik te kolonisearjen wie foar de [[Europa|Europeeske]] kolonisten dy’t koart dêrnei yn it gebiet oankomme soenen.
 
By it ynlûken fan de Transfaal troch de Ndebele lutsen de oerbleaune Venda nei it noarden nei [[Waterberg]] en [[Zoutpansberg]]. Mzilikazi makke syn haadkertier noardlik fan de [[Magaliesberg]] deunby it hjoeddeiske [[Pretoria]], mei in wichtige militêre bûtenpost om de hannelsrûtes nei it noarden te beskermje. By it ferôverjen fan de Transfaal sleaten in soad minsken fan de ferôvere Sotho-Tswana en oare stammen harren oan by de Ndebele. Fan [[1827]] oant likernôch [[1836]] dominearre Mzilikazi it súdwesten fan de Transfaal . Foar dy tiid wie de regio tusken de [[rivier]]en de Faal en Limpopo kwealik bekend by Europeanen, mar yn [[1829]] krige Mzilikazi besite fan [[Robert Moffat]] en fan doe ôf oant [[1836]] kamen Britske hannelers út en troch it lân besykjen.
 
=== Kolonisaasje ===