Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
 
=== Kolonisaasje ===
Yn de 1830’s en 1840’s kamen ôfstammelingen fan Nederlânske[[Nederlân]]ske kolonisten, bekend as [[Boeren]] en [[Voortrekkers]], fan de Britske [[Kaapkoloanje]] nei it gebiet. It wie it begjin fan wat bekend wurde soe as de [[Grutte Trek]]. Mei harren militêre technology oermasteren se relatyf makkelik grûn op de lokale machten en foarmen se ferskate lytse Boere republiken yn gebieten dy’t krekt bûten it Britske bewâld leinen, sûnder in sintrale oerheid.
 
Fan [[1835]] oant [[1838]] stutsen Boeren de [[Faal]] oer en kamen se yn striid mei de Ndebele. Op [[16 oktober]] [[1836]] waard in groep Boeren, ûnder lieding fan Andries [[Hendrik Potgieter]], oanfallen troch in Ndebelemacht fan likernôch 5.000 minsken, dy’t al it fee fan Potgieter feroveren. Ien fan de lieders fan de Sotho-Tswana, Moroko fan it Rolongfolk, dy’t earder flechte wie foar de Difaqana nei it suden en dêr de delsetting [[Thaba Nchu]] stifte, stjoerde nij fee nei Potgieter sadat hy him weromlûke koe nei Thaba Nchu wêr’t de Sotho-Tswana lieder him fiedsel en feiligens bean. ByYn jannewaris [[1837]], waard in alliânsje fan 107 Boeren, sechtich Rolong en fjirtich Kleurlingen stifte, organisearrendy't in kommando organisearren ûnder lieding fan Potgieter en [[Gert Maritz]]. Se foelen Mzilikazi’s delsetting oan. Mzilikazi flechte yn [[1838]] nei it noarden, noch benoarden de [[Limpopo]] om nea werom te kommen. Andries Hendirk Potgieter dy’t dêrnei in oankundiging útkommen wêryn hy ferklearre dat it lân dat Mzilikazi ferlitten hie oan de Boeren joech, wêrby hy gjin lânrjochten oan de Sotho-Tswana joech, dy’tit folk dat him earder noch rêd hienen en him stipe jûchen yn de striid tsjin Mzilikazi en de Ndebele. Nei dat de kleems fan de Ndebele en Sotho-Tswana beronge wienen, lutsen in soad Boere-boeren nei de Faal oer en besetten se parten fan de Transfaal, faaks deunby doarpen fan de Sotho-Tswana. Nei dit gebiet kamen ek leden fan ferskate Sotho-Tswana stedsteaten dy’t yn de tiid fan de Difaqana flechte wienen.
 
De earste Europeeske delsetting noardlik fan de Faal wie makke ûnder Potgieter syn lieding. Yn maart 1838 gie hy nei Natal, en besike hy it ôfslachten fan [[Piet Retief]] en syn kameraden troch de Zulu’s te wrekke. Mar oergeunstich troch de adorearring fan Gert Maritz troch de Boeren yn Natal, gie Potgieter gau werom nei de Drakensberg en yn novimber 1838 stiften hy en syn folgelingen oan de iggen fan de rivier de [[Mooi]] in delsetting, [[Potchefstroom]], as earbetoan oan Potgieter. Dizze groep stifte in basisfoarm fan in oerheid en yn [[1840]] ûntwikkele him dit ta in losse konfederaasje mei de Boeren fan de [[Natalia Republyk]] en ek mei Boeren súdlik fan de Faal , wêrfan it haadkertier yn [[Winburg]] wielei. Mar yn [[1842]] wegeren Potgieter’s folgelingen om de Boeren fan Natalia stipe te jaan dy’t yn striid wienen mei de Britten. Oant [[1845]] behâlde Potgieter syn bewâld oer beide kanten fan de Faal. Om út hannen fan de Britten te bliuwen en om tagong te krijen ta de bûtenwrâld lutsen Potgieter en tal fan syn folgelingen nei de [[Delagoabaai]]. Potgieter festige him yn de Zoutpansberg, wylst oare boeren de kar makken om harren haadkertier op de hellingen fan de Drakensberg te fêstigje, wêr’t hja in doarp stiften mei de namme Andries Ohrigstad. In soad minsken waarden hjir siik en it doarp waard ferlitten, krekt wat heger waard in nij doarp stifte, wat de namme [[Lydenburg]] krige, nei it lijen wat se yn it eardere doarp trochstean moasten. Undertusken waarden de súdlike gebieten dy’t earder ferlitten wienen troch Potgieter oermastere troch oare Boeren. Yn [[1848]] krige [[Andries W. J. Pretorius]] it bewâld oer de kolonisten yn Potchefstroom.
 
Op [[17 jannewaris]] [[1852]] ûndertekene it [[Feriene Keninkryk]] it Ferdrach fan Sânrivier op de [[Konvinsje fan Sânrivier]] mei likernôch 5.000 Boerefamyljes (likernôch 40.000 minsken), wêrmei harren ûnôfhinklikheid erkend waard yn de regio noardlik fan de Faal. De [[Oranje Frijsteat]], in suster Boererepublyk, krige yn deselde tiid ek selsstannigens. Mar wylst hjade Trasnfaal ûnôfhinklikheid krigenkrige wienen se in fier fan feriene folk. Doe’t Pretorius lieding joech oan de ûnderhannelings dy’t laden ta de ûndertekening fan it Ferdrach fan Sânrivier dy’t hy dit sûnder tastimming te freegjen fan de folksried. Potgieter en syn folgelingen beskuldigen Pretorius derfan dat hy alle macht oer it lân nei him ta luts. Doch ratifisearre de folksrie, op in gearkomste yn Rustenburg op [[16 maart]] [[1852]], de konvinsje, wêrnei Potgieter en Pretorius op de moarn fan deselde dei yn it publyk elkoar fermoedsoenen. Beide lieders wienen oan de ein fan harren karriêre; Potgieter ferstoarn yn maart en Pretorius yn july 1853.
 
[[Marthinus W. Pretorius]], de soan fan Andries Pretorius, waard de opfolger fan syn heit. Taak fan him wie om de ûnienigens by de ynwenners fuort te heljen. Yn [[1856]] waard in searje fan publike gearkomsten hâlden, organisearre troch Pretorius, yn oare parten fan de Transfaal om te diskussearjediskussearjen of it net de tiid wurden wie om in sterke sintrale oerheid te stifte, ynstee fan de pititerige distriktsoerheden dy’t der oant doe ta wienen. It resultaat wie dat in represintatyf kongres fan delegearden keazen waard, dy’t de foech hienen om in [[grûnwet]] op te stellen.
 
=== Stifting ===
Yn desimber [[1856]] wie der in gearkomste fan it Transfaal kongres yn Potchefstroom, yn trije wike tiid waard in modelgrûnwet foar it lân makke. De namme Zuid''-Afrikaansche Republiek'' waard keazen as namme fan de steat, in nije grûnwet bepaalde dat der in nije folksried kaam wêryn minsken keazen wurde moasten troch de ynwenners foar in perioade fan twa jier en de funksjes fan de wetjouwende macht waarden fêststeld. De administrative autoriteit moast by in presidint komme, dy’t stipe krige fan in bestjoerskolleezje. Der waard besletten dat leden fan de folksrie en fan it kolleezje lid wêze moasten fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]] en fan Europeeske komôf kamen. Gelykheid tusken kleurlingen en wite minsken waard net tastien yn de tsjerke en de steat.
 
Om harren posysje fierder te fersterken besocht Pretorius om in uny mei de Oranje Frijsteat oan te gean, mar dit slagge net. Omdat freedlike besikings net slaggen pleatsten Pretorius en [[Paul Kruger]] harren sels oan de top fan in kommando dy’t de Faal oerstutsen om de Oranje Frijsteat ta in uny te twinge, mar ek dit slagge net. Yn Transfaal waard lykwols it tal foarstanners foar in uny hieltyd grutter en yn [[1860]] wienen Zoutpansberg en Lydenburg opnaam yn de republyk. De stêd [[Pretoria]], nij stifte en neamd nei Andries Pretorius, watwaard ta sit fan de oerheid makke en as haadstêd oanwezen. De tsjerklike besikings om te kommen ta feriening wienen net like súksesfol. De Separatistyske [[Reformearre Tsjerke]] fan Nederlân hie in jonge studint fan syn doktrines, Postma, nei it gebiet stjoerd, dy’t yn novimber 1858 dûmny fan Rustenburg waard. Yn it neikommende jier waard yn in algemienealgemien tsjerke kongres dy’t trachte om alle tsjerkgemeenten te feriene woe yn inien mienskiplike tsjerke, mar Postma’s tsjerkerie wegere dit. Fan doe ôf hat de Separatistyske Tsjerke in ûnôfhinklik bestean. Paul Kruger, dy’t deunby Rustenburg libbe, waard in grut oanhinger fan de nije tsjerke.
 
Pretorius waard, wylst hy noch presidint fan de Transfaal wie, keazen ta presidint fan de Oranje Frijsteat. Dêrop, yn febrewaris [[1860]], gie Pretorius mei ferlof en besike hy op ‘e nij om ta in uny tusken de twa republiken te komme. Mar Pretorius hie de Transfaal noch net ferlitten doe’t hy krityk krige fan Cornelis Potgieter en syn folgers yn Lydenburg, de Lydenburggroep. Potgieter hie de miening dat de uny in stik mear foardielen foar de Oranje Frijsteat opsmite soe as foar de minsken fan Lydenburg. Neffens Potgieter wie it yllegaal dat immen tagelyks presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat wie. Oan de ein fan it ferlof fan Pretorius, nei in gearkomste mei de folksrie, besleat hy om ûntslach te nimmen as presidint fan de Transfaal. [[Johannes Hermanus Grobelaar|J. H. Grobelaar]], dy’t yn de ferlofperioade fan Pretorius oanwezen wie as presidint, waard frege om te bliuwe. De folgelingen fan Pretorius waarden no tige lulk op de Lydenburggroep en in massagearkomste waard organisearre yn Potchefstroom yn oktober 1860, wêr’t besletten waard dat: a) De folksried gjin fertrouwen mear krige; b) dat Pretorius presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk bliuwe koe en dat hy in ferlofperioade fan in jier krige om ta in uny mei de Oranje Frijsteat te kommen; c) dat [[Stephanus Schoeman]] de presidint wurde soe yn de ferlofperioade fan Pretorius; en d) dat foar it weromkommen fan Pretorius om syn taken wer op him te nimmen in nije folksried keazen wie.
 
It ûntdekken fan goud yn [[Tait]] dy’t presidint Pretorius yn april [[1868]] der ta setten om in ferklearring út te bringen wêryn syn gebiet útwreide waard nei it westen en noarden wêrtroch de goudfjilden en in stik fan [[Bechuanalân]] ûnder syn bewâld kamen. Deselde ferklearring wreide it territoarium fan de Transfaal út nei it easten, wêrtroch in part fan de Delagoabaai by de Transfaal kaam. De eastlike ekspânsje wie it ferfolch fan besikingen dy’t koart dêrfoar dien wienen, op inisjatyf fan in [[Skotlân|Skot]], om in hannelsrûte lâns de rivieren dy’t nei de Delagoabaai lieden op te setten. It plan wie ek yn oerienstimming mei de winsk fan de Republyk om in seehaven te krije. It plan slagge lykwols net. Dêr boppe op laat de ferklearring fan Pretorius ta argewaasje by de Britten, ûnder oanfiering fan [[Sir Philip Wodehouse]], en by de consul-generaal fan Portugal[[Portegal]] foar Súd-Afrika. De grins yn it easten waard mei in ferdrach mei Portegal yn [[1869]] fêststelt, de Boeren moasten de Delagoabaai ferlitte. De grins yn it westen waard yn [[1871]] behannele.
 
=== Anneksaasje ===
Yn 1871 waard Th.[[Thomas F.François Burgers]] ta presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk keazen, mar yn dizze tiid wie de Transfaal noch hieltyd, yn tsjinstelling ta de Oranje Frijsteat, in frij rommelich en in lân sûnder gearhing. It wie ek de tiid dat it Britske regear fan Benjamin Disraeli beslêt dat der in Súd-Afrikaanske federaasje, ûnder Britsk bewâld, komme moast, wêrby’t de beide boererepubliken gearfoege wurde moasten. De diamantfynsten by Kimberley yn de Oranje Frijesteat moatte hjir net los fan sjoen wurde.
 
Presidint Burgers besike it gefaar te kearen troch bannen op te bouwe mei oare machten, bygelyks Nederlân en Portegal, en plannen te meitsje foar in treinferbining nei de Portegeeske haven yn Lourenço Marquez, it hjoeddeiske Maputo. Dit wie it Britske regear min nei de sin en mei gebrûk fan it feit dat Burgers in relative bûtensteander wie dy’t fan de konservative rûnte yn de republyk net in soad stipe krige, stjoerde Londen op 20 jannewaris 1877 Sir Theophilus Shepstone nei Pretoria om oer it sear yn petear te gean. Mar ynstee dêrfan rôp hy de anneksaasje ôf, de wiken dêrnei wie de sitewaasje yn it lân foar de measte minsken net klear.
Rigel 94:
* {{aut|Wesseling, H.L.}} (1991). ''Verdeel en heers. De deling van Africa 1880-1914''. Amsterdam.
* {{aut|Wilson, M. en Thompson, L.}} (1971). ''The Oxford history of South-Africa II: 1870-1966''. Oxford, Clarendon.
 
[[af:Zuid-Afrikaansche Republiek]]
[[ca:República del Transvaal]]
[[da:Sydafrikanske republik]]
[[de:Südafrikanische Republik]]
[[en:South African Republic]]
[[es:República Sudafricana]]
[[fr:République sud-africaine du Transvaal]]
[[hr:Transvaalska Republika]]
[[id:Republik Transvaal]]
[[no:Sydafrikanske republikk]]
[[pl:Transwal]]
[[pt:República Sul-Africana]]
[[ru:Республика Трансвааль]]
[[sv:Sydafrikanska republiken]]