Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 16:
Fan [[1835]] oant [[1838]] stutsen Boeren de [[Faal]] oer en kamen se yn striid mei de Ndebele. Op [[16 oktober]] [[1836]] waard in groep Boeren, ûnder lieding fan Andries [[Hendrik Potgieter]], oanfallen troch in Ndebelemacht fan likernôch 5.000 minsken, dy’t al it fee fan Potgieter feroveren. Ien fan de lieders fan de Sotho-Tswana, Moroko fan it Rolongfolk, dy’t earder flechte wie foar de Difaqana nei it suden en dêr de delsetting [[Thaba Nchu]] stifte, stjoerde nij fee nei Potgieter sadat hy him weromlûke koe nei Thaba Nchu wêr’t de Sotho-Tswana lieder him fiedsel en feiligens bean. Yn jannewaris [[1837]], waard in alliânsje fan 107 Boeren, sechtich Rolong en fjirtich Kleurlingen stifte, dy't in kommando organisearren ûnder lieding fan Potgieter en [[Gert Maritz]]. Se foelen Mzilikazi’s delsetting oan. Mzilikazi flechte yn [[1838]] nei it noarden, noch benoarden de [[Limpopo]] om nea werom te kommen. Andries Hendirk Potgieter dy’t dêrnei in oankundiging útkommen wêryn hy ferklearre dat it lân dat Mzilikazi ferlitten hie oan de Boeren joech, wêrby hy gjin lânrjochten oan de Sotho-Tswana joech, it folk dat him earder noch rêd hienen en him stipe jûchen yn de striid tsjin Mzilikazi en de Ndebele. Nei dat de kleems fan de Ndebele en Sotho-Tswana beronge wienen, lutsen in soad Boere-boeren nei de Faal oer en besetten se parten fan de Transfaal, faaks deunby doarpen fan de Sotho-Tswana. Nei dit gebiet kamen ek leden fan ferskate Sotho-Tswana stedsteaten dy’t yn de tiid fan de Difaqana flechte wienen.
 
De earste Europeeske delsetting noardlik fan de Faal wie makke ûnder Potgieter syn lieding. Yn maart 1838 gie hy nei Natal, en besike hy it ôfslachten fan [[Piet Retief]] en syn kameraden troch de Zulu’s te wrekke. Mar oergeunstich troch de adorearring fan Gert Maritz troch de Boeren yn Natal, gie Potgieter gau werom nei de Drakensberg en yn novimber 1838 stiften hy en syn folgelingen oan de iggen fan de rivier de [[Mooi]] in delsetting, [[Potchefstroom]], as earbetoan oan Potgieter. Dizze groep stifte in basisfoarm fan in oerheid en yn [[1840]] ûntwikkele him dit ta in losse konfederaasje mei de Boeren fan de [[Natalia Republyk]] en ek mei Boeren súdlik fan de Faal, wêrfan it haadkertier yn [[Winburg]] lei. Mar yn [[1842]] wegeren Potgieter’s folgelingen om de Boeren fan Natalia stipe te jaan dy’t yn striid wienen mei de Britten. Oant [[1845]] behâlde Potgieter syn bewâld oer beide kanten fan de Faal. Om út hannen fan de Britten te bliuwen en om tagong te krijen ta de bûtenwrâld lutsen Potgieter en tal fan syn folgelingen nei de [[Delagoabaai]]. Potgieter festige him yn de Zoutpansberg, wylst oare boeren de kar makken om harren haadkertier op de hellingen fan de Drakensberg te fêstigje, wêr’t hja in doarp stiften mei de namme Andries Ohrigstad. In soad minsken waarden hjir siik en it doarp waard ferlitten, krekt wat heger waard in nij doarp stifte, wat de namme [[Lydenburg]] krige, nei it lijen wat se yn it eardere doarp trochstean moasten. Undertusken waarden de súdlike gebieten dy’t earder ferlitten wienen troch Potgieter oermastere troch oare Boeren. Yn [[1848]] krige [[Andries Pretorius|Andries W. J. Pretorius]] it bewâld oer de kolonisten yn Potchefstroom.
 
Op [[17 jannewaris]] [[1852]] ûndertekene it [[Feriene Keninkryk]] it Ferdrach fan Sânrivier op de [[Konvinsje fan Sânrivier]] mei likernôch 5.000 Boerefamyljes (likernôch 40.000 minsken), wêrmei harren ûnôfhinklikheid erkend waard yn de regio noardlik fan de Faal. De [[Oranje Frijsteat]], in suster Boererepublyk, krige yn deselde tiid ek selsstannigens. Mar wylst de Trasnfaal ûnôfhinklikheid krige wienen se in fier fan feriene folk. Doe’t Pretorius lieding joech oan de ûnderhannelings dy’t laden ta de ûndertekening fan it Ferdrach fan Sânrivier dy’t hy dit sûnder tastimming te freegjen fan de folksried. Potgieter en syn folgelingen beskuldigen Pretorius derfan dat hy alle macht oer it lân nei him ta luts. Doch ratifisearre de folksrie, op in gearkomste yn Rustenburg op [[16 maart]] [[1852]], de konvinsje, wêrnei Potgieter en Pretorius op de moarn fan deselde dei yn it publyk elkoar fermoedsoenen. Beide lieders wienen oan de ein fan harren karriêre; Potgieter ferstoarn yn maart en Pretorius yn july 1853.
 
[[Marthinus Pretorius|Marthinus W. Pretorius]], de soan fan Andries Pretorius, waard de opfolger fan syn heit. Taak fan him wie om de ûnienigens by de ynwenners fuort te heljen. Yn [[1856]] waard in searje fan publike gearkomsten hâlden, organisearre troch Pretorius, yn oare parten fan de Transfaal om te diskussearjen of it net de tiid wurden wie om in sterke sintrale oerheid te stifte, ynstee fan de pititerige distriktsoerheden dy’t der oant doe ta wienen. It resultaat wie dat in represintatyf kongres fan delegearden keazen waard, dy’t de foech hienen om in [[grûnwet]] op te stellen.
 
=== Stifting ===