Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
 
=== Anneksaasje ===
Yn 1871 waard [[Thomas François Burgers]] ta presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk keazen, mar yn dizze tiid wie de Transfaal noch hieltyd, yn tsjinstelling ta de Oranje Frijsteat, in frij rommelich organisearre steat en in lân sûnder gearhing. It wie ek de tiid dat it Britske regear fan [[Benjamin Disraeli]] beslêt dat der in Súd-Afrikaanske federaasje, ûnder Britsk bewâld, komme moast, wêrby’t de beide boererepubliken gearfoege wurde moasten. De diamantfynsten[[diamant]]fynsten by [[Kimberley (Súd-Afrika)|Kimberley]] yn de Oranje Frijesteat moatte hjir net los fan sjoen wurde.
 
Presidint Burgers besike it gefaar te kearen troch bannen op te bouwe mei oare machten, bygelyks Nederlân en Portegal, en plannen te meitsje foar in treinferbining nei de Portegeeske haven yn Lourenço Marquez, it hjoeddeiske [[Maputo]]. Dit wie it Britske regear min nei de sin en mei gebrûk fan it feit dat Burgers in relative bûtensteander wie dy’t fan de konservative rûnte yn de republyk net in soad stipe krige, stjoerde [[Londen]] op [[20 jannewaris]] [[1877]] [[Sir Theophilus Shepstone]] nei Pretoria om oer it sear yn petear te gean. Mar ynstee dêrfan rôp hy de anneksaasje ôf, de wiken dêrnei wie de sitewaasje yn it lân foar de measte minsken net klear.
 
It duorre oant desimber foar dat ûnder de Transfalers te sprekken wie fan ferset. De boeren sêgen de anneksaasje as in died fan agresje en protestearren. By [[Paardekraal]], it hjoeddeiske [[Krugersdorp]], fûn in grutte ''saamtrek'' ([[Afrikaansk]] foar "gearkomste") plak wêr’t in [[trijemanskip]] oansteld waard, beasteande út S.J.P. Kruger, [[Piet Joubert|P.J. Joubert]] en M.W. Pretorius. Op [[16 desimber]] [[1880]] waard de ûnôfhinklikens fan de republyk op ‘e nij útrôpen, mei as gefolch it útbrekken fan de [[Earste Boerekriich]]. Der ûntstienen opskuorren en op [[27 febrewaris]] [[1881]] waarden de Britten by [[Majuba]] mei oertsjûging ferslein. Yn augustus folge de Konvinsje fan Pretoria wêrby de Britten op ‘e nij de ûnôfhinklikheid fan de Republykrepublyk erkenderkenden, wol ûnder Britsk bewâld. De republyk krige har folsleine ûnôfhinklikheid wer werom yn [[1884]] mei de Konvinsje fan Londen, mar net foar lang. De [[Goudkoarts]] brocht in tafloed fan gjin-Boere Europeeske kolonisten (dy’t de namme ''uitlanders'' krigen fan de Boeren), wêrtroch de republyk ynstabyl rekke.
 
AlWol wiekaam der yn dy tiid stipe fan bûten út. Yn Nederlân en [[Dútslân]] soarge de nije ûnôfhinklikheid fan de republyk en de moed wêrmei de Boeren tsjin de supermacht fan dy tiid striden in weach fan belangstelling opkommen. Der ûntstie sels in lytse stream emigraasje nei de Súd-Afrikaanske Republyk. Alhoewol’t de oantallen net grut wienen, wienen de nijkommers fan grut belang foar de Transfaal, omdat hja mei administrative kennis oankamen wêr’t yn de republyk grut ferlet fan wie.
 
Ek it âlde idee fan de spoarline nei de Portegeeske kust waard wer opbrocht, ek hjiryn spilen de Nederlanners in wichtige rolle. Tige dreech kaam de Nederlandsch[[-Zuid-Afrikaansche Spoorwegmaatschappij]] (NZASM) ta stân, dy’t op ligelike drege wize begûn oan de bou fan de spoarline. De omstannichheden fan de spoarwei-arbeiders wienen min, mar de NZASM wie in dúdlike fertoaning fan Nederlânsk belang by it Súd-Afrikaanske barren. In soad Nederlanners dy’t yn dy tiid nei Afrika lutsen kamen by dizze maatskippij oan it wurk, wêrûnder ek [[Cor van Gogh]], it broerke fan skilder [[Vincent van Gogh]].
 
Yn Transfaal wie wis net eltsenien sa bliid mei de grutte ynfloed út it fiere Nederlân, mar presidint Kruger koe him gjin bettere stipe winskje. Mei de stok fan de treinferbining efter de doar koe hy de Britten ta betteren hannelfoarwaarden en tariven twinge.
 
It Britske bestjoer yn Kaapstêd, ûnder [[Cecil Rhodes]] en [[Alfred Milner]], dy’t plannen hienen foar in Britsk ryk fan Kaapstêd oant [[Kairo]], stipe yn [[1896]] in steatsgreep fan de Uitlanders tsjin de Súd-Afrikaanske Republyk. Dizze Jameson Raid mislearre lykwols. De Ingelske gûverneur Milner brûkte itde uitlanderswierricheid as in middel om Kruger ûnder druk te setten troch de Uitlanders, dy’t foar it meastepart Ingelsktalich[[Ingelsk]]talich wienen, stimrjocht te easken by de ûnderhannelings yn [[Bloemfontein]].
 
Nei de steatsgreep wienen der berjochten dat Dútslân de boererepublyk beskerming jaan woe, eat wat de Britten net hawwe woenen. Yn [[1899]] brochten de Britten in legermacht gear by de grins mei de boererepubliken Transfaal en de Oranje Frijsteat. Benaud foar de anneksaasje kommendeweis besleaten de Boeren sels de oanfal yn te setten tsjin de Britske koloanjes, dizze oanfal wie de begjin fan de [[Twadde Boerekriich]].
 
De Twadde Boerekriich ferrûn net sa’t de Britten it harren yntocht hienen. De Boeren wisten it terrein in stik better te brûken as de Britten. Uteinlik setten de Britten de tactyktaktyk fan de [[ferskroeide ierde]] yn, wêrby’t de Britten in wichtige nijichheid úttocht hienen; konsintraasjekampen[[konsintraasjekamp]]en.
 
Yn maaie [[1902]] joegen de lêste Boeren harren oer, treurjend om de dea fan 26.000 Boeren, wêrûnder benammen froulju en bern dy’t ferstoarnen yn de Britske konsintraasjekampen. De ûnôfhinklike Boererepublyk, de Transfaal, wie net mear, de regio waard part fan it [[Britske Ryk]]. Yn [[1910]] waard de Transfaal ien fan de fjouwer provinsjes fan de nij stifte [[Uny fan Súd-Afrika]], in Britsk dominion.
 
==Presidinten==