Lâningte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
EmausBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ur:خاکنائے
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Kanaal - Verwijzing(en) gewijzigd naar kanaal (wetterwei)
Rigel 3:
In '''lâningte''' is in smel stik lân dat twa gruttere stikken lân mei elkoar ferbynt. Bygelyks de [[Lâningte fan Panama]] ferbynt [[Noard-Amearika|Noard-]] mei [[Súd-Amearika]] en de [[Lâningte fan Suez]] yn [[Egypte]] ferbynt [[Afrika]] mei [[Aazje]] (of [[Jeraazje]]). In lâningte is dan eins it omkearde fan in [[seestrjitte]].
 
Troch in lâningte wurdt faak in [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] oanlein om in koartere wei foar de skipfeart te meitsjen. It [[Panamakanaal]] giet troch de Lâningte fan Panama, en ferbynt sa de [[Atlantyske Oseaan]] mei de [[Stille Oseaan]], it [[Suez-kanaal]] ferbynt de [[Middellânske See]] mei de [[Reade See]] (en dêrmei de Atlantyske Oseaan mei de [[Yndyske Oseaan]]).
 
It komt it meast foar dat in lâningte in [[skiereilân]] mei it fêstelân ferbynt, of twa parten fan in eilân mei elkoar.