Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎De Sulveren Krystbal: Ik haw in aparte side oanpakke foar de Sulveren Krystbal
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Karel V - Verwijzing(en) gewijzigd naar Karel V fan it Hillige Roomske Ryk
Rigel 12:
Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten ''[[Magna Fossa]]'', ''Grut Kanaal'', neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de [[Himpolders|Himpolder]] Skerhim krúst. De farwei nei it noarden ([[Geau (Drylst)|Geau]], [[Snitser Aldfeart]]) wie needsaaklik wurden omdat de [[Middelsee]] troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde [[himdyk]] komt Snits oan de westkante binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes. Dan is er part fan de Marktstrjitte en ferfolget er syn wei as Piperstrjitte en Nauwe en Wide Burgstrjitten, en is dêrnei de basis fan de drokke winkelstrjitte de Easterdyk. Hy giet fierder as de Ljouwerter Dyk, om op't lêst as [[Griene Dyk]], de polderdyk fan de Raerderhim, Snits te ferlitten.
 
Snits krige fan de [[13e ieu]] ôf ferskate [[stedsrjochten]], dy 't yn [[1456]] offisjeel fêstlein waarden. Snits waard dêrmei ien fan de Fryske Alve Stêden. Dit wie ek it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd dy't oant likernôch [[1550]] ta duorje soe. Yn [[1492]] waard mei de oanlis fan in nije stedsgrêft en stedswâl begûn. Yn de tiid fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] waard dêr in stêdmuorre op oanlein. Nei dy tiid wie Snits de ienige ommuorre stêd fan Fryslân. Fan de âlde [[festingwurk]]en binne no allinnich noch de Wetterpoarte en it Bolwurk oer.
 
===Partnerstêd Kurobe===