Romulus en Remus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L kategorynamme feroare fan R. âldens yn R. âldheid
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Kening - Verwijzing(en) gewijzigd naar kening (titel)
Rigel 1:
[[Ofbyld:She-wolf suckles Romulus and Remus.jpg|thumb|right|230px|Romulus en Remus by de wolfin]]
Neffens de leginde is [[Rome]] stifte yn [[753 f. Kr]]. troch '''Romulus en Remus'''. De leginde giet sa:
[[Aeneas]] swalke de hiele wrâld oer, oant er yn [[Itaalje]] oankaam. Hy fûn dit sa’n moaie omjouwing dat er in stêd stifte. It krige de namme fan syn frou [[Lavinium]]. Ut dit Lavinium stifte syn soan [[Asconius]] it stêdsje [[Alba Longa]]. Op in seker momint regearde der in [[kening (titel)|kening]] mei de namme [[Numitor]]. Amulius, de broer fan de kening, wie jaloersk en ferdreau him fan syn troan. Mar Amelius koe net rêstich sliepe, hy tocht dat syn broer wol wraak nimme woe. Dêrom fermoarde hy de soannen fan syn broer Numitor en hy beneamde de dochter ta [[Festaalske Faam]], sadat sy gjin bern krije koe. Mar dit barde wol, Rhea Silvia krige twa bern, in twilling. Se neamde de jonkjes Romulus en Remus. Amelius woe dit net hawwe en joech sûnder meilijen befel de jonkjes yn in reiden kuorke yn de [[Tiber]] te goaien. De Tiber is de rivier wêr't Rome letter oan stifte is. Romulus en Remus hienen gelok. De rivier wie oerstreamd. Dus de feinten dy’t de jonkjes yn de rivier goaie moasten koenen net de echte rivier berikke. Dus leinen se de jonkjes oan de râne fan it oerstreamde gebiet. It wetter sakke hurd, doe bleau it kuorke mei de twa poppen op in beamwoartel stekken. In [[wolf|wolvinne]] hearde it janken fan de bern en gie der hinne. Sy slikke Romulus en Remus skjin en joech se molke. De opperharder fan de keninklike keppel fûn de jonkjes en de wolvinne. De harder, [[Faustulus]] neamd, naam Romulus en Remus mei nei hûs en brocht se grut. Tegearre my syn frou [[Larentia]] beskôgen se beide jonkjes as harren soannen.
 
== De stifting fan Rome ==