Gerhart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red + fw
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Gerhart hie as lienhear keizer [[Loadewyk de Fromme]] en bestjoerde tusken [[822]] en [[842]] út namme fan de keizer it [[goa]]-greefskip [[Westergoa]]. Om 830 hinne wienen yn it Frankyske ryk grutte ynterne problemen ûntstien troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer tsjin de keizer himsels. Ien fan dizze soannen [[Lotarius]] ferbûn him mei [[Denemarken|Deenske]] ''warlords''. Hy sette de Denen oan om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenje te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk. De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot suksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de [[Friezen]] min te motivearjen weinen om har te mingen yn it politike harrewarre fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer yn de stringen te krijen.
 
Benammen Gerhart waard fan neilittichheid beskuldige. Hy soe fersomme hawwe syn macht en foech te brûken. De Friezen brûkten har skippen leaver foar de hannel as om plonderers efternei te sitten. Mooglik hie greve Gerhart partij keazen foar Lotarius. Hy waard út it amt setten en ferlear al syn goederen yn Westergoa.
 
==Boarne==
*{{Aut|D.P. Blok}} ''De Franken in Nederland'', HaarlemHaarlim 1979, side 86.
*{{aut|L. van der Tuit}}, ''Koningen en Krijgsheren, de Franken in de Lage Landen'', Kampen 2009, side 160.