Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bonifatiuskapel - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bonifatiuskapel (Hoarnstersweach)
→‎Tsjerken: tsjerke Jobbegea Tredde Slûs
Rigel 75:
Om [[1775]] hinne wurdt Nijhoarne de tsjerke fan de Herfoarme mienskip Ald- en Nijhoarne, Skuorregea, Jobbegea en Hoarnstersweach. Yn Nijhoarne wurdt yn [[1778]] de âlde tsjerke ôfbrutsen en opnij opboud. De tsjerke in Aldhoarne wurdt yn [[1788]] sloopt.
 
Yn [[1832]] waard de kristlike mienskip splitse en waard Othmar ten Cate dominy fan Jobbegea, Skuorregea en Hoarnstersweach. Hy kocht sels ek groun en nôt yn de rin der tiid. Oan it Tsjerkepaed waard yn [[1833]] in nije pastorij boud. Oant [[1920]] wie dizze, de âlde pastorij yn gebrûk. Yn 1864 komt der ek in tsjerke yn Jobbegea Tredde Slûs. Dominy van Lonkhuizen kaam, nei in lange rjochtsaak, úteinlik ta in gelyk mei de gemeente oar de heechfeanen fan de pastorije. Fan it jild liet hy yn [[1920]] in grutte nije pastorije bouwe yn [[Jobbegea Skuorregea|Skuorrega]]. De âlde pastorije waard ferboud ta in pleats. Oan it lêst fan de [[20e ieu]] krige it in wenbestimming.
 
De Herfoarme Tsjerke oan de "Skoatterlânskewei", foar de Herfoarming wijd oan [[Sint Magnus]], waard yn [[1621]] boud. Yn [[1788]] melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ”Het Kerkje benevens de Boereplaatsen liggen aan den rydweg naar Donkerbroek in Ooststellingwerf, zeer vermaaklyk in ‘t geboomte. In ‘t Noorden van dit Dorp heeft men hooge veenen, en in ‘t Zuiden naar de Kuinder, of Tjonger, meest laage Hooilanden.” De tsjerke dy‘t der no stiet is yn [[1856]] noch ris yn giele stien ferboud. It is in [[Tsjerke|sealtsjerke]] mei in trijekantich sletten [[Koer (tsjerke)|koar]]. Tsjinwurdich wurdt it as sadanich net mear brûkt en is it fan de "Stichting Kerkje 1621". In pear kear yn it jier binne der lêzings en konserten. It los [[klokhûs]] op it begraafplak is fan [[2007]] (yn [[1978]] waard it doetiidske klokhûs ôfbutsen fanwege betonrot). De oarspronklike klok yn it klokhús is fan [[1688]]: "Anno 1688 [[Pieter Izaäk Overney|Petrus Overney]] fecit Leovardiae Jochum Hendrick en Durck Roeleffsen, beide als kerkvoogden tot Hoornsterzwaeg". De klok is yn de Twadde Wrâldoarloch yn [[Dútslân]] west en fan [[1979]] oant [[2008]] yn [[Mildaam]]. Alle sneonen om healwei seizen liedt de klok. By it te hôf komme wurd tsjinwurdich mar ien omgong makke. Eartiids wiene dat dêr trije.