Noardeastpolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: war:Noordoostpolder
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Kreil - Verwijzing(en) gewijzigd naar Kreil (Noardeastpolder)
Rigel 25:
* [[Ens]] is sadwaande ek oan syn namme komd, it is neamd nei it súdlike diel fan it eilân [[Skoklân]]. De wenkearnen Middelbuurt en Zuidert foarmen tegearre Ens, dat yn [[1859]] ûntromme waard, doe't it wenjen dêr te gefaarlik waard.
* [[Bant]] is neamd nei it doarpke [[Bantegea]], dat eartiids yn [[Lemsterlân]] lei en wierskynlik troch de see ferswolge is. Yn Lemsterlân hat men trouwens nei de oarlochde namme Bantegea jûnoan in eartiidsk ûnderdiel fan it doarp [[Ychten]].
* [[Kreil (Noardeastpolder)|Kreil]] is ofwol ferneamd nei in sânbank yn de eardere [[Sudersee]] by [[Strum]], ofwol nei it [[Kreiler Wâld]].
* [[Espel]] is ek de namme west fan in doarp, dat ea benoarden [[Urk]] lei. Dit ferdwûne doarp komt yn de histoarje ek foar ûnder de nammen Espelbergh en Espelo.
* [[Kraggenburch]] hat syn namme ûntliend oan de eardere flechthaven oan de mûning fan it [[Swolske Djip]]. De ljochtwachterswente, it einpunt fan in lange lieddaam, is nei de ynpoldering net ôfbrutsen en stiet no yn it nije lân.