Nederdútsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Woadan (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{Taaltabel|
namme = Nederdútsk |
oare nammen = Platdútsk, Nedersaksysk |
Ingelske namme = Low German |
eigen namme = Plattdüütsch, Nedderdüütsch, Neddersassisch, Neddersächsich |
sprutsen yn = [[Dútslân]], [[Denemark]], [[Poalen]] |
taalgebiet = yn [[Dútslân]] de folsleine dielsteaten [[Sleeswyk-Holstein]], [[Hamboarch]], [[Bremen]] en [[Meklenboarch-Foarpommeren]], de dielsteat [[Nedersaksen (dielsteat)|Nedersaksen]] útsein it uterste súdeasten en rûchwei de noardlike helten fan 'e dielsteaten [[Noard-Rynlân-Westfalen]], [[Saksen-Anhalt]] en [[Brandenboarch]]; yn [[Denemark]] guon doarpen ferspraat oer de regio [[Noard-Sleeswyk]], tsjin 'e Dútske grins oan; yn [[Poalen]] fersprate enklaves yn it noarden fan it lân |
tal sprekkers = 10.000.000 (it [[Nedersaksysk]] yn [[Nederlân]] net meirekkene) | teljier = 1996 |
dialekten = [[Westnederdútsk]] ([[Noardsaksysk]], [[Westfaalsk]], [[Eastfaalsk]]), [[Eastnederdútsk]] ([[Marksk-Brandenboarchsk]], [[Meklenboarchsk-Foarpommersk]], [[Middelpommersk]], [[Eastpommersk]], [[Nederprusysk]]) |
taalklassifikaasje = [[Yndo-Jeropeesk]] - [[Germaansk]] - [[Westgermaansk]] - [[Súdwestgermaansk]] - [[Nederfrankysk-Nedersaksyske talen|Nederfrankysk-Nedersaksysk]] - [[Nedersaksyske talen|Nedersaksysk]] - '''Nedersaksysk''' |
skrift = it [[Latynske alfabet]] |
bibeloersetting = 1478 |
taalstatus = it Nederdútsk genietet yn [[Dútslân]] erkenning as minderheidstaal; yn Denemark en Poalen wurdt it net erkend |
taalkoade ISO 639-1 = n.f.t. |
taalkoade ISO 639-2 = nds |
taalkoade ISO 639-3/DIS = nds |
}}
It '''Nederdútsk''', ek wol '''Platdútsk''' of soms Nedersaksysk neamd, is in taal dy't heart ta de [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaanske kloft]] fan 'e [[Westgermaanske talen]] en sprutsen wurdt yn noardlik [[Dútslân]], súdlik [[Denemark]] en noardlik [[Poalen]]. Fierders wurdt it ek noch sprutsen yn guon ymmigrantemienskippen, benammentlik yn [[Kanada]].
 
It Nederdútsk wurdt yn [[Dútslân]] sprutsen troch likernôch tsien miljoen minsken, oftewol 12% fan 'e Dútke befolking. Yn [[Denemark]] wurdt it heechút troch in pear tûzen minsken sprutsen. It sprekkerstal yn [[Poalen]] is ûnbekend, mar sil nei gedachten net boppe tsientûzen útkomme. It nau oan it Nederdútsk besibbe [[Nedersaksysk]] yn noardeastlik [[Nederlân]] hat 1.616.000 sprekkers.
 
It Nederdútsk genietet yn [[Dútslân]] erkenning as minderheidstaal en is yn [[1998]] troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen.
 
 
== It Nederdútske Taalgebiet ==
 
It wurdt sprutsen yn hiel noardlik [[Dútslân]], benoarden in frij rjochte, tinkbyldige line fan [[Bocholt]], by de [[Nederlân|Nederlânske]] grins oant [[Seelow]], by de [[Poalen|Poalske]] grins. De útsûndering dêrop is de Dútske haadstêd [[Berlyn]] en it gebiet dêr fuort omhinne, dêr't it Nederdútsk al ieuwen lyn útstoarn is. Yn it [[Rynlân]], tsjin 'e [[Nederlân|Nederlânske]] grins oan, wurde twa [[Nederfrankyske talen|Nederfrankyske]] dialektgroepen sprutsen (it [[Nederberchsk]] en it [[Nederrynsk]]) dy't soms wol op ien bulte smiten wurde mei de Nederdútske dialekten, mar der eins net ta hearre.
 
Behalven yn [[Dútslân]] wurdt it Nederdútsk ek sprutsen yn [[Denemark]] en [[Poalen]]. Yn [[Denemark]] wurdt it yn 'e regio [[Noard-Sleeskwyk]] sprutsen yn pear doarpen tichteby de Dútske grins. Yn noardlik [[Poalen]] wurdt it ferspraat yn it noarden fan it lân noch hjir en dêr sprutsen. Foarhinne hearden nammentlik de Dútske gebieten yn wat no noardlik [[Poalen]], de [[Ruslân|Russyske]] provinsje [[Kaliningrad (provinsje)|Kaliningrad]] en súdwestlik [[Litouwen]] binne, ta it Nederdútske taalgebiet. Oan 'e ein fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waard lykwols hast de hiele Dútske befolking fan dy gebieten ferdreaun. Ynklusyf de - net Nederdútsktalige - befolking fan 'e Dútske gebieten yn sintraal en súdlik [[Poalen]] - gong it dêrby om hast acht miljoen minsken. Der wienen lykwols tsientûzenen [[Dútsers]] dy't oan 'e deportaasje ûntkamen en hjoed de dei bestiet der yn [[Poalen]] noch altyd in Dútske minderheid fan hast in heal miljoen minsken. It Nederdútsk wurdt der lykwols allinne noch mar troch guon fan 'e âlderein sprutsen.
 
De dialekten fan it Nederdútsk foarmje ien [[taalkontinuum]] mei de [[Nedersaksysk|Nedersaksyske]] dialekten fan noardeastlik [[Nederlân]]. Dêrom wurde alle dialekten fan 'e [[Feluwe]] oant 'e [[Poalen|Poalske]] grins beskôge as hearrend ta ien taal, ek al bestiet der gjin standerdisearre foarm fan. Yn [[Dútslân]] wurdt dy taal Nederdútsk of Platdútsk neamd en yn [[Nederlân]] [[Nedersaksysk]].
 
Der bestiet lykwols in frij grut - en tsjintwurdich fluch groeiend - ferskil tusken it Nederdútsk en it [[Nedersaksysk]], want wylst it Nederdútsk ûnder druk fan it [[Dútsk]] stiet en hieltyd mear eigenskippen út dy taal oernimt, hat it [[Nedersaksysk]] te krijen mei de sterke ynfloed fan it [[Nederlânsk]], dy't it in oare kant útdriuwt. Sokke ferskillen binne benammen werom te finen as men sjocht nei de ûntliening fan nije wurden en nei de stavering - sa hat it Nederdútsk de saneamde ''Großschreibung'' (it skriuwen fan haadwurden mei haadletters) oernommen fan it [[Dútsk]], wylst dat ferskynsel yn 'e stavering fan 'e [[Nedersaksysk|Nedersaksyske]] dialekten fan [[Nederlân]] nearne foarkomt.
 
Wat de sprekkers sels oangiet, hawwe de Nedersaksysktaligen yn [[Nederlân]] der oer it algemien gjin muoite mei om oan te nimmen dat yn noardlik [[Dútslân]] itselde soarte dialekten sprutsen wurdt. Oarsom wol it lykwols de measte [[Nederdútsers]] net oan dat harren taal trochrint op Nederlânsk grûngebiet. Yn dit ferbân moat fernijd wurde dat yn Jeropeesk ferbân sawol it Nederdútsk (yn it [[Ingelsk]] ''Low German'') as it [[Nedersaksysk]] (yn it [[Ingelsk]] ''Low Saxon'') erkenning as minderheidstaal genietet, mar sûnder dat se mei safolle wurden as ien taal erkend wurde.
 
 
== Skiednis ==
 
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_nedersaksysk_en_nederdútsk.GIF|thumbnail|It hjoeddeiske en it eardere Nederdútsk-Nedersaksyske taalgebiet.]]
 
It Nederdútsk is ûntstien út it Aldsaksysk, dat yn it earste milennium nei Kristus sprutsen waard. Dy taal is oerlevere fan 'e njoggende ieu ôf, útsein in doopûnthjit út 'e achtste ieu, dêr't de ôf te swarren heidenske goaden mei namme yn neamd wurde: "''(...) end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuôden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint (...)''" ("(...) en ik fesaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Doanar en Woadan en Saksnot, en al dy duvels dy't harren genoaten binne (...)").
 
De wichtichste Aldsaksyske tekst is de ''Heliand'' ("Heilân"), in yn 'e midden fan 'e njoggende ieu skreaun epos oer it libben en de lear fan [[Jezus Kristus]], dêr't 5.983 rigels yn stêfrym fan bewarre bleaun binne. In oare Aldsaksyske tekst út 'e njoggende ieu is de ''Genesis'', dy't bestiet út trije fragminten mei teksten út ûnder mear it earste Bibelboek ([[Genesis]]), yn 337 stêfrymrigels.
 
Op it Aldsaksyske Tiidrek (750-1150) folge it Midnederdútske Tiidrek (1150-1600). Yn dy snuorje fûn de útwreiding fan it Nederdútske taalgebiet by de [[Eastsee]]kust lâns nei it easten ta plak, dêr't de ynheemske Slavyske en Baltyske befolking foar in grut part by ferkrongen of assimilearre waard. Oan dy kolonisaasje namen ek lju út 'e [[Nederlannen]] diel en sels hjoed de dei noch kinne der [[Nederlânsk|Nederlânske]] ynfloeden weromfûn wurde yn fral it [[Marksk-Brandenboarchsk|Marksk-Brandenboarchske]] dialekt.
 
Yn dyselde tiid, om [[1200]] hinne, ûntjoech der him ek in Nederdútske standertskriuw- en -sprektaal dy't benammentlik basearre wie op it dialekt fan 'e havenstêd [[Lübeck]], oan 'e [[Eastsee]], dat yn dy tiid it machtichste lid fan 'e tige ynfloedrike [[Hânse]] wie. In pear ieuwen lang wie it Midnederdútsk de dominante taal yn noardlik [[Dútslân]] en it [[Noardsee|Noard-]] en [[Eastsee]]gebiet fan 'e [[Grinslân]] oant [[Estlân]] en fan [[Berlyn]] oant [[Stockholm]]. Healwei de sechstjinde ieu rekke dy taal lykwols yn it neigean, tagelyk mei it ferdwinen fan 'e Lübecker hannelsmacht. De genedeklap kaam troch de ynfiering fan it lutheranisme yn 'e Noarddútske steaten yn dyselde tiid; de Bibeloersetting fan [[Marten Luther|Luther]] wie nammentlik yn it [[Meisnysk]] skreaun, in [[Middeldútske dialekten|Middeldútsk]] dialekt.
 
It begjin fan it Nijnederdútske Tiidrek (fan [[1600]] ôf) waard karakterisearre troch it mar sporadysk mear foarkommen fan it brûken fan it Nederdútsk af skriuwtaal. Nei [[1700]] waard it frijwol hielendal net mear skreaun. Yn 'e grutte stêden kaam sels it gebrûk as sprektaal ûnder druk te stean. Yn [[Berlyn]], dat him krekt yn dizze tiid ta in wichtich regearingssintrum ûntjoech, stoar it hielendal út, wylst him yn oare grutte stêden, lykas [[Hamboarch]], [[Lübeck]] en [[Bremen]], ûnder de hegere klassen it saneamde [[Missingsk]] ûntjoech, dat in mingfoarm fan Heech- en Nederdútsk wie. Pas yn 'e rin fan 'e njoggentjinde ieu begûn men it Nederdútsk wer te skriuwen.
 
 
== Ferskillen mei it Dútsk ==
 
De grutste ferskillen tusken it [[Dútsk]] en it Nederdútsk binne feroarsake trochdat it Nederdútsk gjin part hân hat oan 'e saneamde Twadde of [[Heechdútske Klankferskowing]]. Foarbylden fan 'e dêrtroch ûntstien ferskillen binne opnommen yn 'e ûndersteande tabel.
 
{| align=centre
|
{| border="1" align=right padding="2" cellpadding="4" cellspacing="0" width="300" style="background: #f9f9f9; border: 1px #aaaaaa solid; border-collapse: collapse; font-size: 100%;"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|wurd
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Dútsk
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Nederdútsk
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"ik"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|ich
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|ik
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"molke"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Milch
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Melk
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"meitsje"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|machen
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|maken
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"twa"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|zwei
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|twei
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"sâlt"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Salz
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Salt
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"doarp"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Dorf
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Dorp
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"dat"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|das
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|dat
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"wetter"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Wasser
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Water
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"panne"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Pfanne
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Pann<br>Panne
|}
|}
 
Fierders is opfallend dat der yn it Nederdútsk - oars as yn it [[Dútsk]] - mar twa lidwurden foarkomme. Ferlykje ûndersteande foarbylden:
 
{| align=centre
|
{| border="1" align=right padding="2" cellpadding="4" cellspacing="0" width="300" style="background: #f9f9f9; border: 1px #aaaaaa solid; border-collapse: collapse; font-size: 100%;"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|oersetting
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Dútsk
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|Nederdútsk
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"de man"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|der Mann
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|de Mann<br>de Man
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"de frou"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|die Frau
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|de Fru
|-
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|"it bern"
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|das Kind
|style="border: 1px #aaaaaa solid;"|dat Kind
|}
|}
 
 
== Dialekten ==
 
It Nederdútsk bestiet út twa grutte dialektkloften, it [[Westnederdútsk]] en it [[Eastnederdútsk]], dy't elts opboud binne út ferskate lytsere dialektgroepen.
 
Sa bestiet it [[Westnederdútsk]] út it [[Noardsaksysk]], it [[Westfaalsk]] en it [[Eastfaalsk]]. It [[Noardsaksysk]], dat by de [[Noarsee]]kust lâns sprutsen wurdt, wurdt bûten [[Dútslân]] ek wol Noardnedersaksysk neamd, mar om't der in Dútske dielsteat bestiet mei de namme [[Nedersaksen (dielsteat)|Nedersaksen]] en it [[Noardsaksysk]] ek yn [[Sleeswyk-Holstein]], [[Hamboarch]] en [[Bremen]] sprutsen wurdt, kin dy beneaming betiizjend wurkje. It [[Westfaalsk]] wurdt eastlik fan 'e [[Nederlân|Nederlânske]] grins sprutsen en it [[Eastfaalsk]] yn sintraal noardlik [[Dútslân]].
 
It [[Eastnederdútsk]] bestiet út fiif dialekten. It [[Meklenboarchsk-Foarpommersk]] wurdt yn 'e dielsteat [[Meklenboarch-Foarpommeren]], oan 'e [[Eastsee]]kust, sprutsen en it [[Marksk-Brandenboarchsk]] yn it gebiet om 'e Dútske haadstêd [[Berlyn]] hinne. De trije oare dialekten, it [[Middelpommersk]], it [[Eastpommersk]] en it [[Nederprusysk]], waarden foarhinne sprutsen yn 'e Dútske gebieten yn wat no noardlik [[Poalen]], de [[Ruslân|Russyske]] provinsje [[Kaliningrad (provinsje|Kaliningrad]] en súdwestlik [[Litouwen]] binne. Tsjintwurdich wurde se miskien noch troch wat âldere minsken yn [[Poalen]] sprutsen, mar wurde se fral libben holden troch de mienskippen fan 'e ferdreaune [[Dútsers]] yn [[Dútslân]].
 
In gefal apart is it [[Minnistedútsk]], dat him fan 'e sechstjinde ieu ôf ûnder Nederdútske kolonistemienskippen yn [[Poalen]] en letter [[Ruslân]] ûntjoech. Fan [[1874]] ôf ûntflechten dy minnisten [[Ruslân]], sadat harren taal op 't heden it meast sprutsen wurdt yn [[Noard-Amearika|Noard-]] en [[Súd-Amearika]], mar ek noch wol yn [[Sibearje]] en de [[Sintraal-Aazje|Sintraalaziatyske]] republiken. It [[Minnistedútsk]] wurdt soms rekkene as in dialekt fan it [[Nederprusysk]], mar tsjintwurdich wurdt it troch taalkundigen hieltyd faker as in ôfsûnderlike taal beskôge.
 
[[Ofbyld:Lânkaart_nederdútske_dialektgroepen.GIF|thumbnail|De Nederdútske dialektgroepen.]]
 
De folsleine dialektyndieling fan it Nederdútsk en it [[Nedersaksysk]] is as folget (de dialektgroepen yn [[Nederlân]] binne '''fet''' werjûn):
 
* [[Westnederdútsk]]
** [[Eastfaalsk]]
*** [[Elbe-Eastfaalsk]]
*** [[Göttingsk-Grubenhaachsk]]
*** [[Haadeastfaalsk]] (Breunswyksk-Hannoveraansk)
*** [[Heide-Eastfaalsk]]
** [[Noardsaksysk]]
*** [[Breemsk-Aldenboarchsk]]
*** [[Eastfrysk (Nederdútsk)|Eastfrysk]]
*** '''[[Grinslânsk]]'''
*** [[Hamboarchsk]]
*** [[Heidjersk]]
*** [[Holsteinsk]]
*** [[Iemslânsk]]
*** [[Sleeswyksk]]
** [[Westfaalsk]]
*** '''[[Drintsk]]'''
*** '''[[Feluwsk]]'''
*** '''[[Geldersk-Oeriselsk]]'''
*** [[Meunsterlânsk]]
*** [[Noardlik Westfaalsk]]
*** [[Súdlik Westfaalsk]]
*** '''[[Twintsk]]'''
* [[Eastnederdútsk]]
** [[Eastpommersk]]
*** [[Bublitzysk]]
*** [[Eastefterpommersk]]
*** [[Pommerelsk]]
*** [[Westefterpommersk]]
** [[Marksk-Brandenboarchsk]]
*** [[Noardmarksk]]
*** [[Súdmarksk]]
** [[Meklenboarchsk-Foarpommersk]]
*** [[Foarpommersk]]
*** [[Meklenboarchsk]]
*** [[Strelitzysk]]
*** [[Wendlânsk]]
** [[Middelpommersk]]
** [[Nederprusysk]]
*** [[Minnistedútsk]]
 
[[Kategory:Talen]]
 
[[ca:Baix alemany]]
[[cs:Dolnoněmčina]]
[[da:Plattysk]]
[[de:Plattdeutsch]]
[[en:Low German]]
[[eo:Platgermana lingvo]]
[[fr:Bas-saxon]]
[[he:סכסונית]]
[[hu:Alnémet nyelv]]
[[it:Lingua basso-tedesca]]
[[ja:低ザクセン語]]
[[nds:Plattdüütsch]]
[[nl:Nedersaksisch]]
[[pt:Plattdeutsch]]
[[ro:Germana joasă]]
[[sco:Nether-Saxon]]