Brantgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Brantgum Ids Wiersma.wiki.jpg|Brantgum, sa as Ids Wiersma dat beseach|frame|right]]
Fan âlds hearde '''Brantgum''' ta de [[Holwerter seis]]. It doarp yn de eardere gemeente [[West-Dongeradiel]] hat altyd in libbend doarp west. Der wennen noch al wat ambachtslju. No hat Brantgum sa'n 250 ynwenners. Neffens fûnsten moat Brantgum ek sa om it begin fan de jiertelling ûntstien wêze. Troch de oanlis fan de wei fan [[Holwert]] nei [[Dokkum]] is it doarp yn twa parten ferdield. <br>
Mei de namme kin je twa kanten út. De ienfâldichste is: hiem fan Brant. Oaren tinke dat de namme ôflied is fan in famyljenamme. Dat soe dan Brantinga of Brandinga wêze kinne.
 
Brantgum wurdt yn 1450 neamt in de trou-akte fan Aede Jongema Teytsma en Harka Eijsingha.
 
==de tsjerke==
 
De tsjerke wie wijd oan St. Catharina. De tsjerke sil yn de 12ste ieu boud wêze. By de restauraasje yn 1973 binne der spoaren fan dowestien fûn.
 
It oansjen fan de tsjerke sa as dy der no stiet is ûnstien ei de in eardere restauraasje yn 1876/77. <br>
Doe is ek de toer boud.
 
==De staten==
 
Brantgum hat ferskate staten hân. De staten mei de nammen fan Amminga, Teytsma en Jaringa binne ferdwûn.<br>
Om 1700 hine wienen alle boeren op ien nei hierboer. De Harinxma's en de van Aylva's hienen it doe foar it sizzen.
 
==De skoalle==
 
Brantgum hie al frij gau in skoalle. Ien fan de prysters wie ek skoalmaster. Hy hie foar it ûnderhâld fan de skoalle lân. Dit skoallân hat, ûnder behear fan de tsjerkfâden, oan yn de 19de ieu bestien.
Nei 1580 bleauwen de skoalmasters. Wat opfalt is dat de skoalmasters hiel lang net by de offisjele tsjerke hearden.
Yn 1889 boude de gemeente in nije skoalle en de bân tusken tsjerke en skoalle waard ferbrutsen. In skoft ferlein hat Brantgum in nije skoalle krige. Nei 1965 hat dy de namme Ids Wiersmaskoalle krige. It is de ienige iepenbiere basisskoalle yn [[Dongeradiel]] búten Dokkum.
 
==De bibleteek==
 
Yn 1867 stifte ds. [[Rinse Posthumus]] in bibleteek. De kosten wienen, om't der gjin Nutsdepartemint wie, foar de tsjerkfâden fan Brantgum en [[Waaksens]]. By it 25-jierrich bestean hie de bibleteek 2500 boeken yn 'e útlien.
 
[[Ofbyld:Stânbyld Ids Wiersma Brantgum.wiki.jpg| It byldsje fan Gosse Dam|frame|right]]
 
==Ids Wiersma==
Brantgum is ek it berteplak fan [[Ids Wiersma]], dy't hjir 21 juny 1878 berne waard. Yn it doarp waard in strjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan Gosse Dam. Men is dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak te jaan.
 
 
[[Kategory:Dongeradiel]]