Aastersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
keppelings, wurdkar
No edit summary
Rigel 1:
{{Taaltabel|
namme = Aastersk |
oare nammen = n.f.t. |
Ingelske namme = Oosterschellings |
eigen namme = Aasters |
sprutsen yn = [[Nederlân]] |
taalgebiet = it eastlike part fan it ta de provinsje [[Fryslân]] hearrende [[Waadeilannen|Waadeilân]] [[Skylge]] |
tal sprekkers = 200 (skatting) | teljier = 2004 |
dialekten = gjin |
taalklassifikaasje = [[Yndo-Jeropeesk]] - [[Germaanske talen|Germaansk]] - [[Westgermaansk]] - [[Noardwestgermaansk]] - [[Fryske talen|Frysk]] - [[Westerlauwersk Frysk]] - '''Aastersk''' |
skrift = it [[Latynske alfabet]] |
bibeloersetting = gjin |
taalstatus = it Aastersk wurdt beskôge as in dialekt fan it [[Frysk]]; op himsels genietet it gjin erkenning |
taalkoade ISO 639-1 = n.f.t. |
taalkoade ISO 639-2 = n.f.t. |
taalkoade ISO 639-3/DIS = n.f.t. |
}}
It '''Aastersk''' is it [[Fryske dialekten|Fryske dialekt]] fan it eastlike part fan it [[Waadeilannen|waadeilân]] [[Skylge]]. It wurdt sprutsen troch likernôch 200 almeast âldere minsken yn it doarp [[Aasterein]] en omkriten. Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf.
 
It Aastersk is nau besibbe oan it [[Skylgersk]], it dialekt fan it westlike part fan [[Skylge]]. De beide susterdialekten wurde faninoar skaat troch it [[Midslânsk]], it [[Hollânsk]]e dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan [[Skylge]].
 
== Skiednis ==
Lange tiid is oannommen dat East- en West-Skylge frij jonge koloanjes op in yn wêzen Hollânsktalich eilân wienen, fan [[Friezen]] dy't oarspronklik út 'e [[Súdwesthoeke]] ôfkomstich wienen. Mar tsjintwurdich wurdt oannaam dat de hjoeddeiske taalsitewaasje op Skylge mei twa Fryske dialekten op 'e úteinen en in Hollânsk dialekt yn 'e midden, feroarsake is troch in ieuwenlange oerhearsking troch [[Hollân]] fan it oarspronklik hielendal Frysktalige eilân. Dêrby wie [[Midslân]] nammentlik it bestjoerssintrum en is de befolking dêre stadichoan ferhollânske. Hjir moat by opmurken wurde, dat Skylge earst yn [[1942]] in ûnderdiel fan 'e provinsje [[Fryslân]] wurden is; foartiid hat it ieuwen ta Hollân heard.
 
Behalven in sterke ynfloed fan it Hollânsk is der yn it Aastersk ek in lichte [[Noardgermaanske talen|Noardgermaanske]] ynfloed werom te finen. Men kin oannimme dat dy fuortkomt út it feit dat de Skylger maatskippij ieuwenlang op 'e see oriïntearre wie - mei fiskerij en hannel as foarnaamste ynkomsteboarnen - dêr't kontakten mei [[Skandinaavje|Skandinavyske lannen]] of lju út dy kontreien geregeldwei by foarkamen. In foarbyld fan dy ynfloed is bygelyks it wurd "''jeure''" foar "dwaan". Ferlykje it [[Deensk]]e "''gøre''", it [[Sweedsk]]e "''göra''" en it [[Noarsk]]e "''gjøre''", werby betocht wurde moat dat yn 'e [[Noardgermaanske talen]], it Deensk útsûndere, in "g" foar in "ø" útsprutsen wurdt as in j-eftige klank.
 
Yn [[1976]] waard troch de [[Fryske Akademy]] it ''Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters'' publisearre.
 
== Ferskillen mei it Standertfrysk ==
De beide susterdialekten Skylgersk en Aastersk lykje gâns opinoar, hoewol't der ek dúdlike ferskillen binne. Mar mei it [[Frysk|Standertfrysk]] binne de ferskillen folle grutter, hoewol ek wer net sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt. Dy ferskillen lizze mar foar in lyts part op it mêd fan it leksikon, bygelyks "''ta''" foar "heit", "''poeë''" foar "beppe" en "''kiwyt''" foar "ljip". Nammenstemear lizze dy op it mêd fan 'e klanklear. Sa jout it Aastersk "''trea''" foar "trije", "''jiw''" foar "leaf", "''snjoon''" foar "sneon" en "''hoeng''" foar "hûn".. Fierders is it Aasterske ekwivalint fan 'e Frysk "sk" de yn it Frysk net foarkommende klank "sch", bygelyks "''schiep''" foar "skiep", "''schôd''" foar "skaad" en "''schruwër''" foar "skriuwer".
 
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_aastersk.GIF|thumbnail|De lokaasje fan it Aasterske dialekt yn it Fryske taalgebiet.]]
 
Ek de stavering wykt nochal ôf fan it Standertfrysk. Oan 'e ein fan wurden wurdt de letter "g" skreaun wêr't it Standertfrysk "ch" hat: ferlykje "''berg''"-"berch" en "''trog''"-"troch". Fierders wurde de stomme "r" en "l" net stavere: ferlykje "''east''"-"earst" en "''sôt''"-"sâlt". Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ferskil tusken de "â" en de "ô" net werjûn; it Aastersk skriuwt foar beide "ô": ferlykje "''ôd''"-"âld". Krekt sa wurdt de "o"-klank fan "hok" altyd mei in "o" skreaun: ferlykje "''fon''"-"fan". Ek wurdt de lange "ú" (fan "drúf") skreaun as "uu", lykas yn "''huus''", "hûs". Boppedat komt de letter "û" net foar; dy klank wurdt altyd skreaun as "oe". Oarsom komme der ferskate twaklanken foar dy't it Standertfrysk net ken:
* "ae" - "''pae''", "pake" - útsprutsen lykas it [[Dútsk]]e "''Nahe''".
* "aau" - "''blaauw''", "blau" - mei in ekstra lang útsprutsen au-klank.
* "ôa" - "''fôale''", "fôle" - mei in ekstra lang útsprutsen ô-klank.
 
== Literatuer ==
* K. Boelens en oaren, ''Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens'', Ljouwert, 1981.
* K. Jansma, ''Friesland en zijn 44 gemeenten'', Ljouwert, 1981.
* C. Roggen, ''Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters'', Ljouwert, 1976.
 
[[Kategory:Frysk]]