Ferskil tusken ferzjes fan "Oehoe"

2.535 bytes lytser ,  15 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Tebek set ta de ferzje fan "Zwobot")
{{Soarte|
Ofbyld= [[Ofbyld:Uhu-muc.jpg|300px]]|
Klasse= [[Fûgels]] (''Aves'')|
Skift= [[Uleëftigen]] (''Strigiformes'')|
Famylje= [[Ulefûgels]] (''Strigidae'') |
Namme= [[Oehoes|Bubo]] bubo
}}
De '''Oehoe''' (''Bubo bubo'') is de grutste [[Uleëftigen|ûlesoart]]. Lykas by de measte ûlen is it wyfke mei sa'n 67 sm in stik grutter as it mantsje, dat 61 sm grut wurdt. In mantsje weaget tusken de 1900-2800 gram, in wyfke kin wol in gewicht hawwe oant 4200 gram. De Oehoe hat brune en grize fearren mar is foaral wer te kennen oan syn grutte kop mei lange donkere earfearren dy't nei de sydkanten útstekke. Fierder hat de fûgel in swarte heak[[snaffel]] dy't gruttendiels net te sjen is tusken de fearren. Oan de poatten hat de Oehoe 2-4 sm grutte klauwen der't er grutte proaidieren mei pakke kin.
 
==Fersprieding==
[[Ofbyld:Bubu bubo dis.png|thumb|right|294px| Fersprieding fan de Oehoe]]
Utsein it úterste noarden komt de Oehoe yn sawat hiel [[Europa]] en [[Aazje]] foar, en ek noch yn it noarden fan [[Afrika]]. Yn West-Europa komt hy net foar yn it noarden fan [[Frankryk]] en ek net yn [[Grut-Brittanje]]. De lêste jierren (2004) binne yn Nederlân ek in pear briedpearren fan de Oehoe yn súd-[[Limburch]] en [[Gelderlân]], de Oehoe liket syn gebiet yn Nederlân stadichoan te fergrutsjen.
 
==Fuortplanting==
De Oehoes briede it leafst yn in hol yn in rotswand. Mar se briede ek wol op âlde rôffûgelnêsten yn beammen. It wyfke leit 2-3 [[aai]]en en briedt de aaien allinich yn 34 dagen út. Se moat ek sels foar har iten soarchje en giet derom ien of twa kear deis te jeijen. De jongen ferlitte nei sa'n 28-30 dagen it nêst en skarrelje wat yn de buert fan it nêst run. Nei 50 dagen kinne de jonge ûlen fleane.
 
==Iten==
Omdat de Oehoe in grutte rôffûgel is kin er ek grutte proaidieren pakke. Hy yt einst alles wat er pakke kin, lykas [[rot]]ten, [[mûs|mûzen]] en [[hazze]]n, mar ek fûgels sa as [[krie]]en, [[do]]wen en [[einfûgels|einen]]. Yn de [[spuibal]]len fan oehoes binne resten fûn fan sa'n 50 ferskillende [[sûchdieren|sûchdiersoarten]]en en sa'n 180 fûgelsoarten. Sels stikelbargen kin de Oehoe te pakken krije.
 
[[Kategory: Fûgelsoarten]]
 
[[bg:Бухал]]
[[cs:Výr velký]]
[[da:Stor hornugle]]
[[de:Uhu]]
[[en:Eurasian Eagle Owl]]
[[eo:Gufo]]
[[et:Kassikakk]]
[[fa:شاه‌بوف]]
[[fi:Huuhkaja]]
[[fr:Hibou grand-duc]]
[[he:אוח]]
[[io:Gufo]]
[[ja:ワシミミズク]]
[[lt:Didysis apuokas]]
[[nl:Europese oehoe]]
[[pl:Puchacz]]
[[sl:Velika uharica]]
[[sv:Berguv]]
[[zh:雕鸮]]
Anonime meidogger