Bremen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
wikification |
||
Rigel 5:
[[Ofbyld:Bremen-Uebersee-Museum_1.jpg|thumb|180px|right|''Überseemuseum'']]
[[Ofbyld:RolandBremen02.jpg|thumb|180px|right|''It Roland Monumint'']]
'''Bremen''' is in stêd yn Noard-[[Dútslân]] dy't tegaearre mei [[Bremerhaven]] de [[dielsteat]] [[Bremen (lân)|Frije Hânzestêd Bremen]] foarmet. De stad hat sa'n 540.000 ynwenners (2004). De [[stêd]] bestiet út 5 distrikten ''(Stadtbezirke)'' mei 23 stedsdielen
Bremen stêd leit oan beide kanten fan de [[Wezer]], de rivier dêr't de âlde [[Hânze|hânzestêd]] wierskynlik har bestean te danken hat. De [[rivier]] ferbredet him just foarby de stêd en makket de stêd berikber foar seeskippen. De [[haven]]aktiviteiten binne tsjintwurdich benammen yn Bremerhaven, dat 60 km noardliker en fuort oan see leit.
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan Bremen}}
Bremen waard foar it earst fermelden yn [[782]]. Fiif jier letter stifte [[Karel de Grutte]] der in [[bisdom]] en waard de stêd in steunpunt foar de [[kerstening]] fan Noard-Europa. Yn 1260 sluet de stêd har foar de earste kear oan by de [[Hânze]], mar konflikten mei oare hânzestêden makken dat Bremen oan trije kear ta út it ferbûn setten waard. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard Bremen by loftbombardeminten foar mear as de helte ferwoaste.
== It besjen wurdich ==
De namme fan Bremen is ferbûn oan it [[mearke]] fan de [[De Bremer stedsmuzikanten|Bremer stedsmuzikanten]]. De muzikanten wurde mei in [[stânbyld]] eare. In oar [[symboal]] fan de stêd is de figuer [[Roland (ridder)|Roland]], waans stânbyld út 1404 de frijheid fan de stêd symbolisearret. Beide bylden stean foar it [[riedshûs]], in wichtich [[goatyk|goatysk]] bouwurk út deselde perioade mei in fasade yn de styl fan de [[Wezerrenêssânse]]. It Roland-byld en it âlde riedshûs steane sûnt 2004 tegearre op de [[Wrâlderfgoedlist]] fan de [[United Nations Educational, Scientific and Cultural Organization|UNESCO]]. It riedshûs wurdt tsjintwurdich brûkt troch it [[dielsteatsregear]].
Bremen hat in [[fleanfjild]] (sûnt 1920), in [[universiteit]] (sûnt 1970) en in [[fuotbalstadion]] ([[Weserstadion]]) fan fuotbalklub [[Werder Bremen]]. De grutste private [[wurkjouwer]] yn de stêd is autofabrikant [[Daimler AG|Daimler]].
== Keunst en kultuer ==
Rigel 24:
* [[Paula Modersohn-Becker Museum]]
* Focke-Museum
* [[Schloss]] Schönebeck
* Hafenmuseum
* Überseemuseum
|