Gerulf de Aldere: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
redst
red
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
De Fryske Gerulf wie neffens de Dútske histoarikus [[Hugo Jaekel]] in soan fan greve [[Durk (greve)|Durk]] († [[822]]), dy't yn de tiid fan keizer [[Loadewyk de Fromme]] fazal wie yn Mid-Fryslân[[Frisia]] en yn de [[RürstingenFriezen]] de [[FriezenRürstingen]] bestjoerde. Ek Gerulf krige fan de keizer in greefskip yn lien tawiisd. Hy bestjoerde tusken [[812]] en [[834]] it [[Westergoa]] yn Mid-Fryslân.
 
Al by oanfang fan syn regearing hie Loadewyk de Fromme, de troch syn heit ûnderwurpen Friezen by graasje datjinge weromjûn, dat sy by eardere opstannen tsjin de [[Franken]] ferlern hienen. Dizze maatregel makke de keizer by de Fryske befolking populêr, mar ferswakke de posysje fan de Fryske greven. Letter soarge Loadewyk mei syn swakke polityk tsjinoer de Wytsingen dat dizzen in hieltyd wichtiger rol spile koenen yn de Fryske gebieten. Yn 826 romme er in part fan [[Frisia]] yn foar de Deenske troanpretindint [[Harald Klak]] dy't fan dêrút oanfallen útfierde tsjin syn Deenske besibben, de fijannen fan it [[Frankyske Ryk]]. Harald krige [[Rüstringen]] yn lien. Gerulf hat him doe wierskynlik oerhelje litten om de side fan it ferset tsjin de keizer te kiezen.