Skiednis fan Nederlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "RobotE"
Rigel 1:
De '''skiednis fan [[Nederlân]]''' is al tsientûzenen jierren âld.
 
== Iere skiednis ==
Yn de [[prehistoarje]] hawwe der sûnt de [[Iistiid]] al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lân. Yn de lêste milenniums foar Kristus kaam dêr lânbou by. De [[histoarje]] begjint foar Nederlân mei de Romeinen. Yn harren tiid waarden de earste stêden stifte. De Romeinen rommen it om [[300]] hinne it fjild foar de [[Franken]]. Om [[800]] hinne behearsket [[Karel de Grutte]] mei grutte parten fan [[skiednis fan Jeropa|Jeropa]] ek hiel Nederlân. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolchen hierfan wie dat men in Nederlân ging ferwar hie tsjin oanfallen fan de [[Wytsings]].
 
== Untstean fan Nederlân ==
Nei [[1000]] kaam in ein oan dy ynfallen, en gong it yn West-Jeropa sa bêst dat de lokale hearren begûnen harren gebiet út te wreidzjen. Dit late yn de [[14e ieu]] ta de [[partijtyd]], dy't úteinliks troch de [[Habsburger]]s eindige waard. Sy makken [[de Nederlannen]] ta in ienheid, dêr't fan [[1568]] ôf, it noardlike part him ûnôfhinklik fan makke. Dizze [[republyk]] bestie oant de [[Frânske tiid]], doe't it lân yn fazen part fan it [[Frânske Keizerryk]] waard.
 
== Keninkryk ==
Nei de Frânske tiid waard yn [[1814]] Nederlân in keninkryk, earst mei ek de súdlike Nederlannen derby, en mei [[Lúksemboarch]] yn in [[personele uny]], mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel en it iten rûnen tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de [[Krisisjierren]]. Hjiernei kaam, gelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it [[faksisme]], wat late ta de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1940]] waard Nederlân ynnaam troch [[Dútslân]], en earst yn [[1945]] wer befrijd.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fierdere Reformaasje]]
 
[[bg:История на Холандия]]
[[ca:Història dels Països Baixos]]
[[de:Geschichte der Niederlande]]
[[en:History of the Netherlands]]
[[es:Historia de los Países Bajos]]
[[fr:Royaume des Pays-Bas]]
[[ja:オランダの歴史]]
[[nl:Geschiedenis van Nederland]]
[[pt:História dos Países Baixos]]