Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
st
Rigel 9:
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e ieu|10e]] en [[11e ieu]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].
 
Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, [[Edo Wiemken de Jongere]], yn [[1511]], ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve [[Edzard de Grutte]] fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder MarieMary, de dochter fan Edo. Har dea yn [[1575]] waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de Eastfriezen foel Jever yn hannen fan Oldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemarken Jever wer foar in skoft yn hannen.
 
Yn [[1667]] makke Jever diel út fan it âld-hearskip [[Anhalt-Serbst]]. Neidat [[Freedrik August]], dy’t de [[Ingelân|Ingelsken]] finansjeel holpen hie yn de [[Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich]], yn [[1793]] stoarn foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de [[Ruslân|Russyske]] tsares [[Katharina de Grutte]], in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.