Fryske Rie foar Heraldyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling oprjochting
Rigel 3:
De '''Fryske Rie foar Heraldyk''' is in riejaande kommisje dy't oer de wapens en flaggen fan de oerheid, de provinsje [[Fryslân]], de gemeenten, de wetterskippen, de steds- en doarpswapens en de besteande famyljewapens advizen ferskaft. Fierders hat ek de Nederlânske [[Hege Rie fan Adel]] hjir in yn de wet fêstleine taak (allinnich oer aadlike wapens en oerheidswapens). De Fryske Rie foar Heraldyk is gjin oerheidsorgaan en hat gjin wetlike taken en foegen.
 
Nei oanlieding fan it 'Flaggerapport' werd, op inisjatyf fan Klaas Sierksma, troch it bestjoer fan de [[Fryske Akademy]], ûnder de wjukken fan it 'Genealogysk Wurkferbân' yn maaie [[1956]] de 'Fryske Rie foar Heraldyk' oprjochte. Earste foarsitter waard drs. J. Visser en Sierksma waard sekretaris.
De Fryske Rie foar De Fryske Rie foar is oprjochte yn [[1956]] en ûnderdiel fan de [[Fryske Akademy]]. De rie bestiet út herauten, dy't ferneamd binne nei de gebieten [[Westergoa]], [[Eastergoa]], [[Sânwâlden]], de Alve Stêden, [[It Bilt]], de Waadeilannen en Stellingwarf. Yn de midsieuwen wienen de herauten yn tsjinst fan in keizer, kening of hartoch en hienen meardere funksjes. Hja wienen fertrouwensman, sletten yn opdracht ferdragen en organisearren toernoaien.
 
De Rie advisearret ek oer de foarmjouwing fan nije wapens foar oerheden, doarpen, famyljes en ferienings en/of makket ûntwerpen hjirfoar. Dizzen wurde yn it "Genealogysk Jierboek" publisearre, dat troch de "Fryske Akademy" útjûn wurdt. De Rie advisearret ek oer flaggen, flaggeprotokollen, wimpels, banieren en standerts. Fierders fersoarget de Rie (kleur)advizen oer wapens by (tsjerke)restauraasjes enfh.