Houkesleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Krúswetter - Verwijzing(en) gewijzigd naar Krúswetter (Snits)
Rigel 2:
De '''Houkesleat''' is in brede [[sleat]] dy't de ferbining foarmet tusken [[Snits]] en de [[Snitser Mar]]. Yn grutter ferbân makket de Houkesleat diel út fan de ferbining [[Hegemer Mar]] - [[Snitser Mar]], tegearre mei de [[Geau]], de [[De Wimerts]] en de grêften yn Snits.
 
De Houkesleat begjint oan de westein fan it [[Kolmarsgat]], fan dêr rint it nei it [[Krúswetter (Snits)|Krúswetter]]; op dit stikje rint it [[Prinses Margrietkanaal]] troch de Houkesleat.
 
Fan it Krúswetter rint de Houkesleat nei it westen, as de grutste fan de sleatten fan de ferkaveling tusken [[It Ges]] en de [[Griene Dyk]]. Fan it noarden út slute hjir troch de [[Galgelânhop]] de [[Grutte Potten]] oan op de Houkesleat. Dêrfoarby giet it wetter tusken it [[Galgelân]] en de [[Trije Pôlen]] troch. Dan komme oan de râne fan it yndustriegebiet fan Snits de Houkesleat en it Ges byelkoar en geane as "de Houkesleat" nei de stêd.