George Harrison: ferskil tusken ferzjes

L
Botgeholpen doorverwijzing: Liverpool - Verwijzing(en) gewijzigd naar Liverpool (Ingelân)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Liverpool - Verwijzing(en) gewijzigd naar Liverpool (Ingelân))
[[Ofbyld:George Harrison 1974.jpg|right|thumb|200px]]
'''George Harrison''' ([[Liverpool (Ingelân)|Liverpool]], [[25 febrewaris]] [[1943]] - [[Los Angeles]], [[29 novimber]] [[2001]]) wie gitarist fan de legindaryske popgroep [[The Beatles]]. Hy makke sawat fan it begjin ôf diel út fan de groep. Faak wurdt er sjoen as de "stille Beatle". Harrison omearme nammentlik de Yndiaaske [[mystyk]] en holp de oare Beatles harren hoarizon te ferbreedzjen as ek foar harren publyk. Neidat de band útinoar foel boude hy in súksesfolle karriêre op as solo artyst en makke letter diel út fan de groep de ''Traveling Wilburys''. Hy wie ek film en plateproducer. Harrison is fermeld as nûmer 21 yn de ''Rolling Stone magazine's list'' of "De 100 Bêste Gitaristen aller tiden".[6]
 
== Beatle George ==
Harrison waard berne yn it Ingelske [[Liverpool (Ingelân)|Liverpool]]. Neffens eigen sizzen wie hy berne op [[24 febrewaris]], mar op syn bertebewiis stiet lykwols 25 febrewaris as bertedatum.
 
Syn muzikale wurkpaad begûn op skoalle dêr't hy yn de band '[[The Quarrymen]]' spile, mei syn freonen [[John Lennon]] en [[Paul McCartney]] en dy't him by Lennon yntrodusearre. Mei Paul, John Lennon, [[Stuart Sutcliffe]] en [[Pete Best]] (letter ferfongen troch [[Ringo Starr]]) foarme hy yn [[1959]] de band '[[Silver Beatles]]', dêrnei de Beatals en yn [[1960]] feroaren se de namme yn 'The Beatles' en waarden frege yn Dútslân op te treden. Dat wie it begjin fan de súksesstory fan de groep dy't tsien jierren duorre hat.
12.360

bewurkings