Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Rigel 21:
 
=== Hannel ===
In oare geunstige ûntwikkeling hat west dat Burdaard ek lei op de grins tusken de klaai en de wâlden. Burdaard waard sa in steapelplak foar de trochfier nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Keaplju kochten foaral tsiis op dat se wer fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.
 
Ut de skieppehandel kaam fuort dat der slachters kamen. Dizze slachten de skiep en ferkochten it fleis nei de stêden. It fet waard brûkt troch de kearsemakkerij. Ienige wêr't gjin hannel yn siet, wienen de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe dêr de [[bynamme|namme]] fan skieppekoppen oan oerholden.