Noardhoeksk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
interwiki: nds-nl:Noordhoeks
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Rigel 16:
taalkoade ISO 639-3/DIS = n.f.t. |
}}
It '''Noardhoeksk''', inkeld ek wolris '''Noardklaaifrysk''' neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte dialekten fan it [[Frysk]] en wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje [[Fryslân]], in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de [[Lauwersmar]] yn it easten, [[it Waad]] yn it noarden, [[it Bilt]] yn it westen en in tinkbyldige line fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oer [[Burdaard]] en [[Dokkum]] nei [[Ingwierrum]] yn it suden.
 
It Noardhoeksk wurdt sprutsen troch nei skatting likernôch 39.000 minsken yn 'e provinsje [[Fryslân]]; hoefolle [[Friezen]] om utens Noardhoeksk sprekke is net dúdlik.
 
It Noardhoeksk wykt mar sa'n bytsje fan it [[Wâldfrysk]] ôf dat it ek wol as de noardlike fariant dêrfan beskôge wurdt, ynstee fan as in selsstannich haaddialekt. Fan oarsprong is it Noardhoeksk, dat sprutsen wurdt yn it klaaigebiet benoarden de [[Wâlden]], in oergongsfoarm tusken it [[Klaaifrysk]] en it [[Wâldfrysk]]. Paradoksaal genôch liket it westlike Noardhoeksk, dat grinzget oan it [[Klaaifrysk|Klaaifryske]] gebiet, minder op it [[Klaaifrysk]] as it eastlike Noardhoeksk. Dat komt om't it [[Wâldfrysk]] stadichoan it Noardhoekske gebiet tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]] ynkringt, mar net dat beëasten [[Dokkum]]. Sa kin it bygelyks, dat der om 'e fyfde finger oan te tsjutten bewesten [[Dokkum]] it Wâldfryske wurd "tûme" en beëasten Dokkum it Klaaifryske "tomme" brûkt wurdt. Typysk Noardhoekske foarmen binne bygelyks: "''muolle''" foar "mûle", "''buosse''" foar "bûse" en "''buotter''" foar "bûter".
 
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_noardhoeksk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Noardhoekske dialekt yn it Fryske taalgebiet.]]