Steedhâlder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Rigel 13:
Hollân, Seelân, Utert, Gelre en Oerisel, oan de steedhâlder. By syn ferstjerren dat jier wie syn soan noch net berne, dat de gewesten seagen harren kâns om de macht werom te nimmen, en beneamden gjin nije steedhâlder. Sadwaande ûntstie yn dy gewesten it [[Earste Steedhâlderleas Tiidrek]]. Dat duorre oant [[1672]], doe't yn it [[Rampjier]] wer behoefte ûntstie oan in sterke lieder, wêrtroch [[Willem III fan Oranje-Nassau|Willem III]] dochs noch ta steedhâlder beneamd waard. Fan doe ôf waard de funksje fan steedhâlder yn dy gewesten erflik ferklearre yn de manlike line.
 
Yn [[1702]] ferstoar Willem III sûnder bern en deselde gewesten besleaten op 'e nij om gjin steedhâlder te beneamen, wat it begjin wie fan harren [[Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek]]. Oan dat tiidrek kaam in ein doe't hieltiten mear gewesten [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], erfgenamt fan Oranje en steedhâlder fan Fryslân, ta erfsteedhâlder beneamden. Fan [[1747]] ôf hie de Republyk foar it earst ien mienskipslike steedhâlder, erfsteedhâlder Willem IV. Hy ferfarre syn hof fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[De Haach]]. Dat jier waard it steedhâlderskip ek erflik ferklearre yn de froulike line.
 
It tiidrek fan 'e steedhâlders yn de Nederlannen kaam ta in ein troch de stifting fan de [[Bataafske Republyk]] yn [[1795]].