Frankyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Idioma-bot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: als, es, hu, is, ka, la, lt, mk, uk
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: et:Frangi riik; tekstwiziging
Rigel 3:
It '''Frankyske Ryk''' wie in [[Jeropa|Jeropeeske]] grutmacht tusken de [[5e ieu|5e]] en de [[9e ieu]], dy't stadichoan foarme waard troch de [[Franken|Frankyske]] keningen, neidat de [[Franken]] en oare [[Germanen|Germaanske]] folken harren yn de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsjes fan [[Galje]] festige hienen.
 
== Oername fan it Romeinsk gesach ==
Yn de [[4e ieu]] waarden der ferskate pogings dien troch de Romeinen om de ynfallende Franken wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer [[Julianus Apostata]], mar om'e nocht. Yn [[358]] krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as ''[[foederaty]]'' ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de [[Skelde]] en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de [[5e ieu]] stoarte it Romeinske gesach bûten [[Itaalje]] folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje [[Neder-Germaanje]] (it tsjintwurdige [[Nederlân]] besuden fan it rivierengebiet, [[Belgje]] en it tsjintwurdige [[Rynlân]]) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har ferfolgens fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy [[Galje]] oan de [[Seine]] ta.
 
== de Merovingen ==
Tjien jier nei it ôfsetten fan [[Romulus Augustulus]] as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn [[486]] de [[Merovingen|Merovingyske]] kening [[Klovis]] de 'Romeinske hearser' [[Syagrius]] by [[Soissons]], sadat hiel Noard-[[Galje]] binnen syn lân foel. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei [[Parys]] en makke dit ta sintrum fan syn macht. Yn [[507]] slagge hy deryn oer hiel Galje te hearskjen doe't hy de [[Fisigoaten]] fersloech yn de [[slach fan Fouillé]]. Yn de [[6e ieu|6e]] oant de [[8e ieu]] oermasteren de Franken ek de net troch de Romeinen besette [[Germanen|Germaanske lânstreken]] eastlik fan de Ryn en Donau, it tsjintwurdige [[Dutslân]], [[Eastenryk]] en [[Switserlân]].
 
[[Ofbyld:Frankenreich 768-811.jpg|right|thumb|300px]]
Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei goed Germaansk rjocht ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dêrnei waard de ienheid by stuit ferhelpe, mar hieltiid laat de útlis fan it Salyske rjocht opnij ta skeel. Stadichoan woeks de macht fan de [[hofmeier]]s en lang om let naam [[Karel Martel]] it keningskip oer. Dit wie it begjin fan de dynasty fan de [[Karolingen]].
 
== de Karolingen ==
Under de Karolingyske dynasty makken de Franken in ein oan it [[Fryske ryk]] en ûnofhinklikens fan de [[Saksen]] (yn Noard-[[Dutslân]]) en feroveren sy ek in diel fan Noard-[[Spanje]] en hiel Noard- en Mids-[[Itaalje]]. Under [[Karel de Grutte]] waard it '''Frankyske Ryk''' de machtichste steat sûnt de ein fan it [[Romeinske ryk|West-Romeinske Keizerryk]] en waard Karel ta Romeinske keizer kroand. Nei de dea fan Karel folget syn soan [[Loadewyk de Fromme]] him op as keizer. Yn [[843]] wurdt it ryk by it [[ferdrach fan Ferdun]] opnij ferdield. It ferdielde Frankyske ryk giet dêrnei gruttendiels fierder as [[Frankryk]] en it [[Hillige Roomske Ryk]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Austraasje]]
* [[Neustrje]]
 
[[Kategory:Frankyske Ryk| ]]
Rigel 32:
[[eo:Franka imperio]]
[[es:Francia en época merovingia]]
[[et:Frangi riik]]
[[fi:Frankkien valtakunta]]
[[fr:Royaumes francs]]