Sikke Doele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: De Tsjerne - Verwijzing(en) gewijzigd naar De Tsjerne (tydskrift)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Rigel 2:
 
== Libben ==
Sikke Doele waard op 1 febrewaris 1942 berne yn [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. De heit fan Sikke wie [[Halbe Doele]], ien fan de oprjochters fan it tydskrift [[De Stiennen Man]] en fan de [[folkshegeskoalle]] ''Skylgeralân'' op [[Skylge]], dêr't hy tagelyk de earste direkteur waard. Sikke Doele groeide op op dit eilân, dat yn syn literêre wurk in grutte rol spylje soe. Nei de HBS yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] studearde hy oan de [[Rietveldakademy]] yn [[Amsterdam]]. Yn 1966 waard hy keunstkritikus by de Ljouwerter Krante, dy 't mei op syn inisjatyf in keunstredaksje krige en in keunstbylage by de krante opnom. Hy soe sa'n tritich jier oan de LC ferbûn bliuwe. Yn dy tiid boude hy de reputaasje op fan in deeglik ûnderleine en skerpsinnige waarnimmer, mei each foar details, dy't suver altyd myld fan toan wie, mar dy't de inkele kearen dat hy soks nedich achte ek tige fûl wêze koe.
 
Sikke Doele ferstoar op 29 juny 2002 op 60-jierrige leeftyd yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Hy kaam te hôf op yn it Skylger doarp [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]].