Salvador Dalí: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Madrid - Verwijzing(en) gewijzigd naar Madrid (stêd)
Rigel 9:
== Skoalle ==
Alle dagen gie hy nei skoalle yn Figueras, letter gie hy nei de keunstakademy yn [[Madrid (stêd)|Madrid]]. Op de akademy bestudearre hy de geheimen fan ljocht en donker fan de masters út de [[Renêssânse]]. Salvador hie in grutte passy foar skilderjen. Op de akademy kaam hy yn oanrekking mei in kompleet oare styl fan libben. Salvador wie ferbjustere, mar al gau fûn hy it prachtich. Hy moete in soad minsken en makke samar freonen. Ien fan dy freonen wie [[Luis Buñuel]]. Buñuel spile in grutte rol yn de gefjochten tsjin religy en de maatskippij yn Spanje. Hy besocht minsken te skokken mei de boeken dy’t hy skreaun en films dy’t hy makke. Tegearre mei Dali makke hy de films “Un chien Andalou" en "L'age d'Or". Guon minsken fûnen de films in skande. In pear kear rûn it út de hân. Hy kaam yn oanrekking mei de plysje. Hy waard twa kear skorst fan de akademy en moast sels in kear nei de finzenis. Mar Dali gie troch mei skilderjen.
 
Hy ûntduts de [[Ympresjonisten]] en skildere it linnen yn bûnte kleuren. Mar it grutste diel fan de tiid wie hy dwaande om syn imago op te bouwen. Hy woe in tige werkenber persoan wurde. Dêrom hie hy lang hier en liet syn bakkeburden stean. Ek droech hy in lange kape mei in bûnt kleure flinderstrik. Hy liet syn snor stean mei in krol oan beide kanten. It wie krekt oft hy wist dat hy in wichtich persoan wurde soe. Fan lyts ôf oan hie Dali grutskheidwaansin en hie in útsûnderlike fantasy.