Oktroai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: io:Patento
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Madrid - Verwijzing(en) gewijzigd naar Madrid (stêd)
Rigel 98:
 
=== Skiednis yn Nederlân oant 1910 ===
De earste wet op oktroaien waard yn Nederlân ynfierd op [[25 jannewaris]] [[1817]]. Dêr waard lykwols troch Nederlânske bedriuwen in bytsje gebrûk fan makke. Wol besochten bûtenlânske bedriuwen troch de wei fan in ynfier-oktroai hat konkurrinsjeposysje yn Nederlân feilich te stellen. Op [[25 july]] [[1867]] waard dy wet lykwols hielendal ynlutsen. Yn [[1870]] soe Nederlân de ''Konfinsje fan Parys'' tekenje, wat ynhold dat Nederlân har wetjouwing op ''yndustrieel eigendom'' oanpasse moatte soe, lykwols allinnich foar fabryks- en hannelsmerken. Nederlân koe, krekt as [[Switserlân]], noch hieltyd in eigen koerts oangeande de oktroaien folgje. Neidat Switserlân yn [[1888]] dochs besleat ta ynfieren fan oktroaiwetjouwing wie Nederlân yn wêzen it iennichste Jeropeeske lân dêr't soks noch net fêstlein wie. [[Polityk]] sjoen wie dy posysje fan Nederlân net langer fol te hâlden (ynternasjonaal waard Nederlân bestimpele as in folk fan ''Frijbûtsers''). Dus, yn [[1893]] waard troch it Nederlânske regear op in kongres yn [[Madrid (stêd)|Madrid]] tasein om in útstel nei de [[Twadde Keamer]] te stjoeren. De diskusje dy't dat útstel los makke soarge der foar dat it earst yn [[1905]] slagge om werklik in wetsútstel yn te tsjinjen (Nederlân soe oars út de ''Uny fan Parys'' set wurde, en de fabryks- en hannelsmerken fan de Nederlânske yndustry ferlieze) . Dy wet soe úteinlik yn [[1910]] troch de Earste- en Twadde Keamer oannommen wurde.
 
== Besibbe ûnderwerp ==