Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl:
 
oanf. fan en:
Rigel 1:
De '''Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren''' (of: '''DBNL''') is in [[webstee]] oer Nederlânske taal en literatuer. De side befettet literêre teksten, sekundêre literatuer en oanfoljende ynformaasje, sa as biografyen, portretten en hyperkeppelings. De DBNL is in inisjatyf fan de Stichting DBNL dy't yn 1999 oprjochte waard troch de ''[[Maatschappij der Nederlandse Letterkunde]]''. De opbou fan de digitale bibleteek is mooglik makke mei stipe fan ûnder oaren de [[Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk|NWO]] en de ''[[Nederlandse Taalunie]]''.
 
In komitee, foarsitten troch [[Paul Schnabel]], hat in kar makke fan tûzen wurken dy't troch it komitee as kaaiteksten fan de Flaamske en Nederlânske kutuerskiednis beskôge waarden. Dizze karút hjit de dbnl "basisbibleteek". Dochs misse guon wichtige klassike teksten út de Nederlânske literatuer, sa as [[Gerard Reve]]'s ''De Avonden'' (1947) en [[Willem Frederik Hermans]] syn roman ''Nooit meer slapen'' (1966) út reden fan [[copyright|kopieerrjochten]].
 
== Keppeling om utens ==