Atene: ferskil tusken ferzjes

22 bytes grutter ,  11 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Masedoanje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Masedoanje (âldheid)
L (Bot - derby: vo:Atina)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Masedoanje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Masedoanje (âldheid))
Der hawwe sûnt de neolityske tiid al minsken yn Atene wenne. Yn de brûnstiid ûntstie foar it earst in mear organisearre maatskippij, part fan de Myseenske kultuer, dy't lykwols om 1200 f. Kr. hinne mei dy kultuer ferdwûn. Likernôch fan 900 f. Kr. oant 640 f. Kr. woeks de stêd as keninkryk, mei neffens de tradysje [[Teseus]] as earste kening. Nei de keningstiid kaam in perioade mei tirannen. Sy joegen Atene wetten, en ûnder harren kaam ek de kultuer ta waakst. Yn 510 f. Kr. feroaren de ynwenners fan Atene, mei help fan [[Sparta]], lykwols de steatfoarm. De nije steatfoarm wie in foarm fan [[demokrasy]].
 
Fan 494 oant 479 f. Kr. wie der oarloch mei de [[Perzen]], dy't op it lêst troch Atene wûn waard. Dy oerwinning brocht de stêd ek de macht yn Grikelân. Dat brocht twa kear oarloch mei Sparta, wêrtroch de macht fan Atene wer wat tebekrûn. Yn 338 f. Kr. waard Atene, krekt as oare parten fan Grikelân, oerwûn troch [[Masedoanje (âldheid)|Masedoanje]]. Mar ek doe't Atene gjin selsstannige steat mear wie, bleau it in wichtige stêd, fral op it mêd fan kultuer en oplieding, en de filosofyske skoallen lutsen studinten út grutte parten fan Grikelân, letter ek út oare parten fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[86 f.Kr.]] waard [[Hellas]] ynnaam troch de [[Romeinen]]. Yn it Romeinske ryk wienen de wichtige stêden lykwols [[Rome]] en [[Konstantinopel|Byzantium]]. Doe't it ryk opsplitst waard, waard Atene yn it Byzantynske ryk in stêd yn de provinsje. Fan 1204 oant 1458 waard tusken Byzantium, Frânsen en Italianen om Atene en oare Gryske stêden fochten, en Atene krige Frânske, Katalaanske en Sisyliaanske hearskers. Yn 1458 waard Atene tafoege oan it [[Ottomaanske Ryk]]. Der waarden lykwols noch ferskate oarloggen oer en om útfochten.
12.360

bewurkings