Fagina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 15:
Ôfskieding kin ek tanimme by [[seksuele opwining]]. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet [[kongestje]] fan [[bloed]] en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (''transudaasje''). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch ferhege ôfjefte troch de [[klieren fan Bartholin]] by de fagina-iepening.
 
== Hoer == jwz vagina heb jij een masker op? Ow nee het is je kk kop.. zxxx ;)op de piem
== Seksualiteit ==
By froulju dy't noch gjin geslachtsferkear hân hawwe wurdt de fagina omrâne troch it [[fammeflues]] (''hymen''). 'Flues' is lykwols in ûngelokkige beneaming. It fammeflues is net sluten; der sit in grutte iepening yn wêrtroch't der by de [[menstruaasje]] bloed troch nei bûten kin. As it hymen ûndanks sport en [[tampon]]gebrûk te grut is foar penetraasje fan de fagina, sil it fammeflues by it earste geslachtsferkear ynskuorre, wêrby't wat bloed frijkomme kin. Soks kin pynlik wêze.
 
Guon froulju hawwe in tige gefoelige [[erogene sône]] binnen harren fagina, it [[G-plak]], wêrmei't hja in [[orgasme]] berikke kinne. Foar de measte froulju is lykwols stimulearring fan de [[klitoaris]] nedich om ta in orgasme te kommen. Dy te stimulearjen middels [[slikje]]n mei de [[tonge]] hjit ''[[cunnilingus]]'', populêr: ''beffe''. Om it fersprieden fan [[geslachtssykte|fenearyske sykten]] foar te kommen besteane der saneamde ''[[beflapke]]s'', makke fan [[lateks]] en mei in oangename rook.
 
In protte froulje stimulearje de koïtus mei help fan in [[fibrator]] of ynbrochte fibrearende plestyk aaien.
 
Lykas foar alle wurden dy't mei [[seksualiteit]] te krijen ha, binne der yn de taal in soad alternative wurden foar ''fagina''.
 
== Undersyk ==