Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 29:
[[Ofbyld:Bolsward bord 01.JPG|thumb|''Wolkom yn Boalsert'']]
[[Ofbyld:Broerekerk.jpg|thumb|right|''Broeretsjerke'']]
== Weeshûs ==
Troch de begoedige widdo [[Hid Hero]] waard yn 1553 it weeshûs fan Boalsert stifte. Hja joech in fêste en ivige rinte ''totten bouwe van dien, ende onderholdinghe van twaleff guede, olde burghers schamele Weeskynden''. Har testamint makke se yn 1561. Nei in lange list fan (tsjerklike en wrâldske) begeunstigers beneamt hja foar de rest fan har besittings ''de Weeskinderen ofte ’t Weeshuis binnen Bolswert, tot onderhoudinge van de Weeskinderen, daarin woonagtig zijnde, welk Weeshuis bij haar t’ oudstijde gesticht is'' ta har erfgenamten. Om oan mear ynkomsten te kommen wurdt in komelkerij molkenkelder yn it weeshûs sels eksploitearre.
 
In ieu nei de stifting blike der mear as 30 wezen fersoarge te wurden, dêr't jierliks 3.000 [[karolusgûnen]] foar nedich binne. De ynkomsten binne mar de helte sadat it bestjoer fan de stêd der jild by lizze moat. Yn 1681 krijt it Weeshûs it allinnerjjocht op de ferkeap fan grêfkisten yn Boalsert. De wichtichste boarne fan ynkomsten is troch de ieuqwen hinne lykwols de pachtopbringst en de grûnrinten fan de pleatsen en losse stikken lân dy't it weeshûs middels legaten en skinkingen krigen hie.
 
It grutste oantal wezen hat it weeshûs yn 1709, as der 72 wezen fersoarge wurde. Mei yngong fan 1951 waarden ek bern opnomd dy't troch it Ministearje fan Justysje út hûs pleats waarden. De neidruk kaam hieltiten mear te lizzen op de jeugdsoarch en minder op de soarch foar weesbern te lizzen. Skaalfergrutting yn de Jeugdsoarch hat yn 1990 laat ta opheffing fan it bernetehûs dat de opfolger fan it Weeshûs wie. It gebou oan de strjittekant bleau eigendom fan de Stichting “It Weeshûs”, de achterlizzende gebouwen waarden ferboud ta hotel-restaurant. Yn de âldheidkeamer is in fitrine ynrjochte mei foarwerpen út it eardere Weeshûs. It giet om foarwerpen dy't brûkt waarden troch de fâden en troch de wezen. Sa is der in kollektebus dêr't jild mei oprûn waard foar it hûs.
 
== It besjen wurdich ==