Sjintoïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ka:სინტო
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Moanne - Verwijzing(en) gewijzigd naar moanne (himellichem)
Rigel 7:
Sjinto is oan de iene kant in sterk ûntwikkele [[Animisme|natuergodstsjinst]] (animisme), dy’t djip ferankere is yn de Japanske maatskippij. Mar it is ek in ideology dy’t nog net sa lang lyn brûkt is om it doetiidske Japanske Militarisme te rjochtfeardigjen. Fan [[1868]] ôf oant flak nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wie Sjinto de steatsgodstsjinst. Sjinto en it [[Boedisme]] hawwe elkoar bot beynfloede.
 
Sjinto hat in grutte leafde foar en earbied foar de natuer. In wetterfal, de [[moanne (himellichem)|moanne]] of in aparte stien kinne foar in Kami hâlden wurde. Itselde jildt foar in garismatysk persoan en foar mear abstrakte ferskynsels lykas groei en fruchtberheid. Yn de jierren namen de natoeregodstsjinstige aspekten fan Sjinto ôf. Se krigen stees mear Antromorfyske (minskfoarmige) foarmen. De Kami binne gjin transedinte goaden yn de westerske sin. Dochs bewenje de goaden wol deselde wrâld as dat wy dogge.
 
Kami wurde benammen fereare yn iepenbiere hillichdommen, mar ek wol yn lytse privee hillichdommen. Guon fan dizze hillichdommen (jinja) binne grutte gebouwen, mar de measte binne lyts. Yn fergeliking mei bygelyks de [[Katedraal|katedralen]] út it [[kristendom]] mei djoere materialen binne de Jinja faaks mar hiel ienfâldich. It giet dan ek net om it gebou mar om it geastlike. Jinja’s binne faak bout op ferhegingen en guon binne dan ek moeilik te berikken. Meastal wurdt de tagong ta it terein markeard mei [[torii- poarte]], dy’t bestiet út twa peallen mei dêrop twa dwersbalken. It gehiel is faaks yn fermiljoen skildere. Der binne hjoed de dei mear as 100.000 fan dizze hillichdommen yn gebrûk, allegear bemanne mei in Sjinto prysters.