Skiednis fan It Amelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Moderne Tiid: ôfbyld der by
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Nes - Verwijzing(en) gewijzigd naar Nes (It Amelân)
Rigel 15:
Yn 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]], krige It Amelân te krijen mei de [[Wettergeuzen]], dy't op it eilân raar wurk makken. It wie dan ek net sa frjemd dat de Amelanners ta-inoarkommen mei de [[Spanjerts]] sochten, wat late ta in erkenning fan harren neutraliteit troch kening [[Filips II fan Spanje|Filips II]]. Sawol de Steaten fan Hollân as dy fan Fryslân wienen dêr min oer te sprekken, mar trochdat de Hollanners op hege toan in boadskip oan 'e Friezen stjoerden, jagen se dy sa gerdinen, dat dy it foar It Amelân opnamen. [[Sikke van Cammingha]] wist yn [[1588]] de [[Steaten fan Fryslân]] sels safier te krijen dat dy, krekt as de Spaanske Kroan, de ûnôfhinklikens en neutraliteit fan It Amelân erkenden.
 
It wie yn dizze tiid dat de kym lein waard foar de twadieling fan It Amelân, sa't dy hjoed de dei ek noch bestiet. It westen, mei de doarpen [[Hollum]] en [[Ballum]], gong nammentlik yn dy tiid stadichoan oer nei it nije, herfoarme leauwe, wylst it easten, mei de doarpen [[Nes (It Amelân)|Nes]] en [[Bueren]], roomsk bleau. Dizze twadieling waard ek befoardere troch de opmars fan 'e see krekt tusken Ballum en Nes yn. Meitiid ûntstienen der sa tusken de beide parten fan It Amelân ferskillen yn taal, libbenswize en brûkmen. Sels yn 'e tweintichste ieu noch kaam it foar dat ynwenners fan Nes en Bueren harren hiele libben net yn Hollum en Ballum kamen en oarsom.
 
Oan it begjin fan 'e 17e ieu wie de macht fan 'e Van Cammingha's sa tanommen, dat der ûntefredenens ûntstie ûnder de Amelanners. Nei't de rêst troch Steatske troepen werombrocht wie, waard it earste ''Amelander Wetboek'' útjûn.
Rigel 39:
Fan [[1872]] oan [[1882]] wie It Amelân lânfêst troch de [[Amelânske Daam]]. It ûnderhâld wie lykwols te djoer, dat de daam waard oan syn lot oerlitten.
 
Ek yn 'e [[20e ieu]] hat It Amelân noch genôch mei de see te hâlden en te kearen hân. Noardlik fan [[Nes (It Amelân)|Nes]] strûpten in kampearterrein en in grut part fan in bosk derûnder, wylst by Hollum de [[fjoertoer]] yn gefaar kaam. Troch it oanfieren fan grutte hoemannichten sân en it oanbringen fan betonnen damen waard dizze ôfbroazeling tsjinholden, hoewol't guon hotels doe al troch de see ferswolge wienen.
 
== Literatuer ==