New wave: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: New York - Verwijzing(en) gewijzigd naar New York City
Rigel 1:
'''New Wave''' is in beweging yn benammen de Amearikaanske en Britske [[popmuzyk]], ûntstien oan it ein fan de santiger- begjin tachtiger jierren yn de [[New York City|New Yorkse]]se muzykwrâld mei as min-ofte-mear sintraal punt de club CBGB.
[[Ofbyld:Nina_Hagen-Aalborg_ubt.jpeg|thumb|200 px|[[Nina Hagen]] op in konsert yn Aalborg (Denemark)]]
De term ''New Wave'' sels is in boarne fan betizing. Yn it begjin wie new wave identyk oan [[Punk rock|punkrock]] mar al gauweftich waarden mei new wave meardere besibbe muzykstreamen oantsjutten. Uteinlik wurdt de term new wave brûkt foar groepen dy't de tradysje fan de punk folgje, sûnder it punk-kredo ''wat hurder en lûder, wat better''. De bands liene fan in ferskaat oan stylen en sjânres, mar wat se mienskiplik hawwe is dat der omraak op harren muzyk dûnse wurde kin. New wave is minder lûd en mear pop-eftich as de besibbe [[post punk]] dat brûkt wurdt foar de mear artistike, minder troch pop beynfloede groepen. Alhoewol ferskillend, binne sawol [[Punk rock|punk]], new wave as post punk alle trije in enerzjike reaksje op de ûnynspirearre popmuzyk fan de santiger jierren; in soad groepen falle yn de rin fan harren bestean mei gemak yn twa of sels trije fan de neamde kategoriën.