Walt Disney: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pnb:والٹ ڈزنی
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: New York - Verwijzing(en) gewijzigd naar New York City
Rigel 6:
 
== Karriêre ==
Yn augustus [[1923]] ferliet Walt Disney Kansas om nei [[Hollywood]] te gean. Hy hie neat mei, allinnich wat tekenmateriaal. Walt syn broer Roy wie nei [[Kalifornje]] gien. Hy fûn de ideeën fan Walt goed. Hy hie sels 250 [[dollar]] en se wisten nog ris 500 dollar te lienen; mei dat jild ynstallearren se in kamera-konstruksje yn de garaazje fan harren omke. Nei in skoftke krigen hja harren earste oarder út [[New York City|New York]] foar de earste [[Alice yn Wûnderlân]]. It wie in kombinaasje fan aksje en animaasje. De bruorren begûnen in studio efter in makelaarskantoar in pear strjitten fierder. Op [[13 july]] [[1925]] troude Walt mei ien fan syn earste wurknimsters, Lilian Bounds. Se krigen twa dochters; Diane en Sharon.
 
[[Mickey Mouse]] waard berne yn [[1928]] op de weromreis fan in teloarstellende moeting mei Charles B. Mintz. Mintz hie Disney frege om in goedkeapere opfolger foar de Alice-filmkes foar [[Universal Pictures]]. Doe't dy opfolger, [[Oswald the Lucky Rabit]], in sukses waard hierde Mintz de measte animators fan Disney yn om sels in studio foar Oswald te begjinnen. Om't Universal Pictures de rjochten op Oswald hienen koe Disney der neat oan feroarje en moast er wat nijs betinke. Hy krige it idee fan Mickey tegearre mei Roy. Walt makke it uterlik fan Mickey mei [[Ub Iwerks]], in man fan [[Nederlân]]sk komôf. Mickey Mouse, dy’t earst Mortimer Mouse hiet, waard foar it earst brûkt yn de film ''Plane Crazy''. Wilens kamen der ek nije technologyen beskikber, lykas lûd by in film. Plane Crazy waard derom útsteld. Yn stee dêrfan makken hja in nije tekenfilm mei de namme ''Steamboat Willie''. It wie de earste tekenfilm mei lûd. De premiêre wie yn it Colony Theatre yn [[New York City|New York]] op [[18 novimber]] [[1928]].