Middelsee: ferskil tusken ferzjes

16 bytes grutter ,  11 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Nijlân - Verwijzing(en) gewijzigd naar Nijlân (doarp)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd))
L (Botgeholpen doorverwijzing: Nijlân - Verwijzing(en) gewijzigd naar Nijlân (doarp))
De '''Middelsee ''', ek wol ''Bordine'' neamd, wie yn de [[Midsieuwen]] de mûning fan de [[Boarn]], dêr't it tij it frij hie. De Middelsee foarme de ôfskieding tusken [[Westergoa]] en [[Eastergoa]], en rikte hast sa súdlik as [[Snits]], dat begûn is op de [[himdyk]] fan de Middelsee.
 
Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûnstienen, waarden de [[Nije lannen]] neamd. Sa is der it doarp [[Nijlân (doarp)|Nijlân]], mar der binne ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.
 
De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de [[Swette]]. As feart rint dy tsjinwurdich fan [[Snits]] nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], mar de oarspronklike skieding rûn troch oant it begjin fan [[it Bilt]] oan ta.
12.360

bewurkings