Olympyske Simmerspullen 1928: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
flaterkes
MeinRei (oerlis | bydragen)
flaterkes
Rigel 78:
 
=== Demonstraasjesporten ===
Oant [[1992]] waarden der demonstraasjesporten hâlden op de Olympyske Spullen. <ref>[http://www.sportgeschiedenis.nl/2007/05/01/van-demonstratiesport-tot-officiele-status.aspx Van demonstratiesport tot officiële status] Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 5 novimber 2010)</ref> Neffens de regleminten fan de Olympyske Spullen mocht it organisearjend lân twa demonstraasjesporten oan it programma tafoege. It moast dan gean om ien nasjonale sport út it lân wêr’tdêr’t de Spullen hâlden waarden en ien ynternasjonale sport, in sport dy’t yn it gastlân hast gjin bekendheid hie. <ref name=demonstraasjesporten>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report] siden 902 (sjoen op 5 novimber 2010).</ref>
 
Nasjonale sporten dy’t yn oanmerking kamen foar de Olympyske Spullen fan 1928 as demonstraasjesport wienen [[bôgesjitte]], [[rugby]], [[kegelje]], [[kuorbal]] en [[keatsen]]. <ref name=demonstraasjesporten>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report] siden 902 (sjoen op 5 novimber 2010).</ref> De earste trije opsjes foelen, om ferskate redens, al gau ôf, wêrnei’t keatsen en kuorbal oerbleaunen as opsjes. Al yn in jierier stadium wienen der ôfspraken makke mei it [[Nederlânske Keatsbûn]]. It bûn hie sels al in brief tastjoerd krigen wêryn sein waard dat it keatsen sa goed as keazen wurde soe as demonstraasjesport, der moast lykwols al rekkenskip mei hâlden wurde dat der op it lêst dochs noch in oare sport keazen wurde koe. <ref name=demonstraasjesporten2>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report] siden 903 (sjoen op 5 novimber 2010).</ref> Uteinlik krige kuorbal dochs de foarkar boppe it keatsen, omdat Baron Van Tuyll van Serooskerken, foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee, it [[Nederlânske Kuorbalbûn]] al ta sein hie dat kuorbal de demonstraasjesport wurde soe by de Spullen. <ref name=demonstraasjesporten2>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report] siden 903 (sjoen op 5 novimber 2010).</ref>
 
Omdat hja al fier wie yn de petearren mei it Keatsbûn waard letter besletten om it keatsen ‘ûnoffisjeel’ ta te litte as demonstraasjesport. Der waarden twa demonstraasje jûn op it krikketfjild.
Rigel 201:
 
== Medaljespegel ==
Yn totaal waarden der 327 medaljes útrikt. It YOK stelde offisjeel gjin medaljeklasseimnt op, mar jout dochs in medaljetabel ter ynformaasje. Yn it klassemint wurdt earst sjoen nei it tal goudenegouden medaljes, dan nei it tal sulveren medaljes en dan nei it tal brûnzen medaljes.
 
Yn de ûndersteande tabel stiet de top-10 fan de Olympyske Spullen. It grutste tal medaljes yn eltse kategory is tsjok drukt.
Rigel 249:
 
== Poster ==
De offisjele poster foar de Spullen fan Amsterdam wie in ûntwerp fan [[Jos Rovers]]. Der waarden troch de organisaasje 10.000 stiks fan drukt en ferspraad. De poster lit in hurdrinnend manlike atleet yn wite klean sjen, mei op de eftergrûn it Olympysk Stadion mei de Olympyske flagge. Opfallend oan de postposter is de ûnnatuerlike posysje fan de atleet, syn lofterfoet en syn lofterearm swaaie nei foaren, in hâlding wêryndêr't it lykwicht gau ferlern yn giet.
 
It YOK hat de auteursrjochten fan de poster fan Rovers nea krije kend, ek net by de erven fan Rovers. Ut praktyske oerwegings wurdt yn YOK-publikaasjes dêrom gebrûk makke fan in oare poster, mei de Dútske tekst Olympische Spiele en in foar in part yn de Nederlânske flagge klaaide atleet mei in fredestûke in ‘e hân. Dat ûntwerp wie makke foar de omslach fan it Dútske boek oer de Spullen. <ref>{{aut|Henk van Gelder}}. [http://archief.nrc.nl/index.php/1996/Juli/30/Overig/18/De+Spiele+in+Amsterdam ''De Spiele in Amsterdam''] (op internet allinnich mei abonnemint te rieplachtsjen), NRC Handelsblad 30 july 1996 (sjoen op 6 novimber 2010).</ref>