Joaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: It Hearrenfean - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Hearrenfean (plak)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Noardwâlde - Verwijzing(en) gewijzigd naar Noardwâlde (Fryslân)
Rigel 13:
[[Ofbyld:Synagoge Snits.jpg|thumb|''De synagoge yn Snits'']]
De earste oanwizing foar joaden yn Fryslân is de ynskriuwing fan Israhel Kistemaecker yn it boargerboek fan [[Frjentsjer]] yn maart [[1539]]. Nei [[1600]] begjinne fernijings oer joaden faker foar te kommen. Yn 1634 pachte in David Provana de lienbank fan [[Warkum]] en in 1645 hjit it pronvinsjaal betsjoer registraasje fan joaden. Sa binne der noch wol in stikmannich fernijings.
Yn de [[18e ieu]] nimt it tal joaden yn Fryslân ta. Schudt seit yn ''Jüdische Merkwürdigkeiten'' dat der joaden yn [[Makkum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] en [[Dokkum]] wenje, mar ek yn [[Surhústerfean]], [[Noardwâlde (Fryslân)|Noardwâlde]] en de stêd [[Frjentsjer]] wiene hja al ier fêstige. Dizze ymmigranten kamen faak út [[East-Fryslân]] en omkriten. Somtiden lei de oerheid beheinings oan de immigranten op, benaud at hja wie foar besmetlike syktes, tanimmende earmoed en ek wol ut oare ekonomyske motiven. Skerpe maatregels waarden lykwols meast net útfierd. De magistraat kaam benammen joadske keaplju mei in fêst wenplak earder yn’e mjitte. Fierderop yn de 18e ieu wurdt de hâlding foar joaden oer noch wat mylder. De ''Tegenwoordige Staat'' sprekt dan ek fan ''de Jood, die alle voorrechten en bescherming als alle andere ingezetenen geniet''.
 
Yn de [[Frânske tiid]] wiene de Provisjonele Representanten fan Fryslân by de earsten dy’t har fersetten tsjin it útsluten fan joaden fan de nije boargerlike gelikens, dêr’t it Amsterdamske genoatskip ‘Felix Libertate’ tige wiis mei wie. Yn de [[19e ieu]] bliuwt it tal joaden tanimmen. Yn 1796 binne it der 630 (Ljouwert: 354); yn 1811 1018 (Ljouwert: 615); yn 1830 1555; yn 1879 it maksimum 2203 (Ljouwert:1114). Yn 1930 binne der noch 907 dêr’t nei de [[Twadde Wrâldkriich]] noch 120 fan oer bleaune.