Kristen Demokratysk Appèl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
Rigel 10:
De kristlike partijen, en ek it CDA, hie altiten wis west fan it sitten yn it regear, omt de oare partijen yn de Twadde Keamer har ûnderling útslueten troch te grutte ideologyske ferskillen. Benammen PvdA en VVD liken net yn ien regearing te kinnen. Yn [[1994]] kaam dêr lykwols feroaring yn. By dizze ferkiezings waard it CDA pleage troch in krisis om de nije [[listlûker]] [[Elco Brinkman]]. It CDA sakke yn de peilings hieltiten fierder en by de ferkezings ferlear de partij úteinlik 20 sitten, wêrmei't se op 34 útkaam. PvdA, VVD en [[D'66]] foarmen doe in kabinèt, [[Kabinet-Kok I|Kok I]], better bekend as it ''earste pearse kabinet''.
 
Yn de [[opposysje]] gie it mei it CDA ek net goed. De liedslju wikselen inoar ôf, en de úteinlike ''primus inter pares'', [[Jaap de Hoop Scheffer]], hie ek net it garisma om de trend te kearen: yn [[1998]] ferlear it CDA wer fiif sitten en kaam op 29 út. Mei de ferkezings fan [[2002]] kaam ûnferwachts de omkear. De Hoop Scheffer waard ferfongen troch [[Jan Peter Balkenende]], en ûndanks dat in soad minsken de gek mei him hienen kaam de partij út op 43 zetele, wêrmei't it wer de grutste partij wie. Yn it folgjende kabinèt naam de partij dan net allinnich sitting mar levere se ek de premier: dat waard Balkenende sels. It [[Kabinet-Balkenende I]], bestie út CDA, [[LPF]] en [[VVD]], mar it foel al nei 86 dagen troch ynstabiliteit yn de LPF. By de ferkezings yn [[2003]] krige de partij sels noch in sit mear, wêrmei't it de grutste bleau, al kaam de [[PvdA]] mei 42 dêr krekt ûnder. Balkenende liede ek it nije kabinèt, [[Kabinet-Balkenende II]], no besteande út CDA, VVD en [[D66]]. Dit kabinet foel yn [[2006]] en kaam it [[Kabinet-Balkenende III]], besteande út CDA en VVD. Troch grutte krityk op it rezjym fan it Kabinet-Balkenende II ferlear it CDA wel wer yn de peilings. Dit ferlies waard lykwols yn de oanrin nei de ferkiezings fan 2006 goedmakke: it CDA ferlear trije sitten (44 nei 41). It [[Kabinet-Balkenende IV]], bestie út CDA, PvdA en [[KristenUny]], kaam yn [[2007]]. Dit kabinet foel yn [[2010]]. Yn de ferkiezings fan 2010 ferlear it CDA 20 sitttensitten (41 nei 21). Yn oktober 2010 kaam it [[Kabinet-Rutte]], besteande út VVD, CDA (en [[PVV]]).
 
== Europeesk parlemint ==