Haadmenu iepenje

Changes

14 bytes added ,  9 jier lyn
L
 
== Skiednis ==
{{stavering}}
Bouwe of Buvo Harckema libbe yn deselde tiid as syn broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jerusalem' by it lettere Gerkesklooster en dat in grutte rol sp[ile hat bby de ferfeantingen) en ek hy liet in kleatser bouwe,. Dit waard it kleaster yn Droegeham dat yn 1242 boud waard. Ek dit kleaster hat in rol spile yn de ferfeantings en d6ertroch yn it ûbntstean fan De Harkeme. De namme De Harkema komt lykjwols al earder foar. Tusken it Bouwekleaster en Stynsgea lei in boerestreek, Harckema-Opeinde. Dizze namme hie de streek ûntliend oan Buvo Harckema. Troch alderlei omstannichhedendigheden soe dizze streek ferdwine. Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de 17e en 18e ieu oan beide kanten fan de wei it %âlde, langhalige streekdoarp De Harkema-Opeynde. De boeremienskip ferdwûn as doarp, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn de folgjende ieu in nije bewenning yn de foarm fan tige ienfâldige wenten en in soad 'spitketen'. Doe't nei de ferfeantings op de Surhuzumerheide in doarp ûntstie, krige dat de namme De Harkema-Opeinde, dat tsjintwurdich De Harkema hjit. Yn de folksmûle waard it doarp ek wol De Pein of Opein neamd. Maar Smellingerlân en de provinsje [[Grinslân]] (Grinzer-Opende) wie sprake fan in Opeinde. Dêrom waard wat De Harkema oanbelanget leaver fan De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema spitsen. De earste en lêste namme is noch lang brûkt troch de âlderein. Yn 1688 wie der al sprake fan wat bewenning yn it 'Heechfean' op de himrik fan it Surhuzum yn dy tiid. Nei 1700 ûntwikkele him dêrút in heidedoarp. Yn 1794 waard sprutsen oer in heidearbeider, dy't op de Hamsterheide wenje soe. Yn 1844 wie der yn De Harkema sprake dan in fersprate bewenning.
 
78.795

edits