De Harkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
 
== Skiednis ==
[[Bouwe Harkema|Bouwe]] of Buvo Harckema libbe yn deselde tiid as syn broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jerusalem' by it lettere [[Gerkeskleaster]] en dat in grutte rol spile hat by de [[feanterij|ferfeantingen]]) en hy liet ek in kleaster bouwe, yn [[Droegeham]] yn [[1242]]. Ek dit kleaster hat in rol spile yn de ferfeantings en dêrtroch yn it ûntstean fan De Harkema. De namme De Harkema komt lykwols al earder foar. Tusken it [[Bouwekleaster]] en Stynsgea lei in boerestreek, Harckema-Opeinde. De namme fan de streek waard ûntliend oan Buvo Harckema. Troch alderlei omstannichheden soe dizze streek ferdwine. Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de [[17e ieu|17e]] en [[18e ieu]] oan beide kanten fan de wei it âlde, langhalige [[lintdoarp|streekdoarp]] De Harkema-Opeynde. It doarp as boeremienskip ferdwûn, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn de folgjende ieu in nije bewenning yn de foarm fan tige ienfâldige wenten en in soad '[[Spitkeet|spitketen]]'. Doe't nei de ferfeantings op de Surhuzumerheide in doarp ûntstie, krige dat de namme De Harkema-Opeinde, dat tsjintwurdich De Harkema hjit. Yn de folksmûle waard it doarp ek wol De Pein of Opein neamd. Mar [[Smellingerlân]] en de provinsje [[Grinslân]] (Grinzer-Opende) sprieken fan in Opeinde. Dêrom waard wat De Harkema oanbelanget leaver fan De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema sprutsen. De earste en lêste namme hawwe noch lang brûkt west troch de âlderein. Yn 1688 wie der al sprake fan wat bewenning yn it '[[Heechfean]]' op de [[himrik]] fan [[Surhuzum]]. Nei 1700 ûntwikkele him dêrút in heedoarp. Yn 1794 waard sprutsen oer in heidearbeider, dy't op de Hamsterheide wenje soe. Yn 1844 wie der yn De Harkema sprake dan in fersprate bewenning.
=== Spitketen ===
Oan de ein fan de [[18e ieu]] wie it dien mei de [[turf]]graverij en in soad minsken bleaune sûnder wurk op de oerbliuwende heide op de ûnfruchtbere sângrûn. It gebiet ûnder Droegeham hiet de de Hamsterheide en it gebiet dat ûnder Surhuzum foel waard de Surhuzumerheide neamd. In soad minsken wennen yn in keet fan stutsen heideseadden. Der wie lân genôch, mar faak waard de eigener (faak de tsjerke of de gemeente) net om tastimming frege. Yn de lytse spitketen wennen faak grutte húshâldings. De measte minsken fan de heide hiene net folle kontakt mei minsken bûten dit wat isolearre gebiet. Groepkes spitketen dy't by elkoar stiene waarden Smoarhoeke, de Fûgelkamp, Barchhiem, de Bulten, de Dunen en de Bosk neamd. Nei 1850 kamen evangelisten en dûmny's nei de heide om de situaasje te ferbetterjen. Der wiene in soad misstannen, wurkleazens en drankmisbrûk. In bekende preker wie [[Lambertus Nankes Warmolts]]. It boadskip dat de earmoede troch God bepaald wie en dus net aktyf tsjin yngien wurde mocht. It sosjalisme dat yn dy tiid op kaam wie frege krekt wol om aktyf te wêzen. [[Jelle Dam]] wie, hoewol in leauwich man, in foaroanman út dy tiid. Letter wie it ek [[Durk Mozes]] dy't him foar de heidsjers ynsette. Der kaam in skoalle en de Wenningwet makke dat der mear minsken út de spitketen wei yn stiennen húskes kamen te wenjen. Yn 1921 waard dit Harkema De Pein neamd. Om 1920 hinne wurde de heidegebieden fan Droegeham, Surhústerfean en Surhuzum by de himrik fan De Harkema-Opeinde foege en as selsstannich doarp ûnder dy namme neamd. Yn 1972 krige it de namme Harkema. De namme waard letter feroare yn De Harkema.