Fenna Mastenbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
kat
Muijz (oerlis | bydragen)
keppelings
Rigel 1:
'''Fenna Mastenbroek''', ( [[Snits (stêd)|Snits]], [[16 maart]] [[1788]] - dêre, [[3 oktober]] [[1826]] ) in skriuwster, benammen fan berneboeken.
 
It is de dochter fan Pieter Jacob Mastenbroek (1759-1829), houthanneler, en Janneke Theunis ten Cate (1760-1830). Fenna Mastenbroek bleau net-troud. Fenna Mastenbroek wie de âldste yn in húshâlding mei trije famkes en twa jonges. Har meitheit hie in grutte houtmûne en hie dêrneist ferskate funksjes: kommissaris fan it bakkersgilde, boekhâlder fan it geastlike steatsgoed en lid fan it gerjocht. Sûnt 1790 wennen se op [[Kleinzand]] 60, in hearehûs dêr't Fenna de earste stien foar lein hie. Se waard strang-[[doopsgesind]] opbrocht, mar wie sels folle frijsinniger.
 
== Skriuwwster ==
Yn 1815 ferskynde de bondel 'Lectuur voor vrouwen', in jier letter diel twa. Yn it foaropwurd skriuwt se: ''Voor mannen te schrijven is minder mijn taak, dewijl daartoe veelal een geleerdheid wordt gevorderd, welke ik niet bezit, en die ook, volgens ’t algemeen oordeel, geen sieraad der vrouw is''. As 34-jierrige joech se lieding oan in lêsselskip foar Snitser froulju. Fenna Mastenbroek skreau romans, koarte ferhalen en gedichten dy't meast op froulju en bern rjochte wiene. De romans en ferhalen spylje har ôf yn in folslein Nederlânske omjouwing en geane in soad oer it al as net finen fan houlikslok, it dwaan fan [[húshâldlik wurk]] en it lieden fan in from libben. Yn 'Linda Brandenburg’, (1815), rôp se op ta berêsting ‘in de leiding der Voorzienigheid’. Yn de roman 'Wilhelmina Noordkerk'' (1818) stelde hja lichtsinnichheid en de hing nei frjemde seden oan de kaak dêr't ek yn bûtenlânske boeken oer skreaun waard. Yn it nei har dea ferskynde ''De kunst om gelukkig te worden'' (1826) kaam it stribjen nei in godfruchtich libben nei foaren; ek it opfieden fan bern moast rjochte wurde op it libben nei de dea.
 
Har [[poëzij]] bestiet út in soad gelegenheidsgedichten yn almanakken[[almanak]]ken en tiidskriften[[tiidskrift]]en. As redaktrise yn it Jaarboekje door Natuur en Kunst aan Genoegen Gewijd publisearret se bygelyks 'Welkomst-groet' (1824), dat skreaun wurdt by har te gau berne tantesizzer. Se levere ek bydragen oan Philopaedion. Tijdschrift voor de Jeugd (1822-1831). Se hie ek kontakten mei skriuwsters as [[Francijntje de Boer]], [[Anna Barbara van Meerten-Schilperoort]] en [[Petronella Moens]]. Faor Moens hat se in ynskripsje skreaun yn har Liber amicorum (1825).
 
Fenna Mastenbroek hie in swakke gesondheid en wie faak siik. Se koe dit neffens har freondinne Anna Barbara van Meerten-Schilperoort útstean troch har sterke leauwe. Se stoar op 38-jierrige leeftiid yn har âldershûs yn Snits. Nei oanlieding fan har dea publisearre dr. P. Camper út [[Sutfen]] in Latynsk lofdicht op har.
 
== Reputaasje ==
Ferskate titels waarden al by libben werprinte, en yn 1839 waarden fjouwer ferhalen út it twadielige Onderhoud voor huiselijke en gezellige kringen (1823-1825) opnij útjûn: 'Frederika Groenwoud', 'Familie Suzenheim', 'Agatha Berkenstein', 'Charlotte Walter', en 'Constantine Geldenhor''. Op de 'Zedelijke verhalen uit de bijbel' waard troch hûnderten minsken yntekene. In resensint fan de Vaderlandsche Letteroefeningen ([[1815]]) skreau oer it earste diel fan 'Lectuur voor vrouwen': ''Onder deze titel ontvangen wij een zestal zo uitmuntende zedelijke verhalen, dat wij niet weten, wat een waardige moeder in een boek, dat haar dochter ter uitspanning, of dat zij met haar dochter ter uitspanning lezen zal, anders verlangen zou''. Der waard miend dat dizze ferhalen ûnmooglik troch in frou skreaun wêze koenen en tocht dat se help hân hawwe moast fan in man. Letter waard Mastenbroek wurdearre om har ''bevallige schrijfstijl en boeiende wijze van verhalen'' mei ''godsdienstige toon en leerzame strekking'' (Eekhoff, 155). Yn 1914 neamde R. Zuidema har skriuwstyl frijwat los foar har tiid (NNBW) en Meindert Cornelis Nijland priizge har ‘veredelende invloed’ op froulju en bern (De Navorscher, 1924). [[Gerrit Komrij]] hat har gedicht ‘Welkomst-groet’ opnomd yn ''De Nederlandse kinderpoëzie in 500 en enige gedichten'' ([[2007]]).
 
== Publikaasjes ==