Ferskil tusken ferzjes fan "Francijntje de Boer"

keppeling
(keppeling)
Francijntje krige yn 1810 in betrekking by de hear Tynhout, siktaris fan [[Baarderadiel]], en folge dy syn húshâlding doe't er yn 1814 Snits as wenplak krige. De omgong mei minsken mei kennis en smaak droech by oan de ûntwikkeling fan har talinten. Al yn [[1815]] joech se har earste dichtbondel út (by A. Loosjes Pzn. te Haarlim). Twa jier letter folge "Gedichtjes voor kinderen", dat wol fiif printingen meimakke en ek yn it Frânsk oersetten waard.
 
Yn [[1828]] waard se húshâldster by de hear Tuymelaar op It Hearrenfean, dy't widner wurden wie. De Hearrenfeanster tiid waard har glorieuze tiid. Ferskate dichtbondels ferskynden fan har hân. Se waard te hôf brocht op it âlde algemiene begraafplak op It Hearrenfean. Har grêf waard dekt troch in lyts moarmeren stientsje wêrop, alhiel yn oerienstimming mei har ienfâld en beskiedenheid allinnich har namme stie : Francijntje de Boer.
 
[[D.M. van der Woude]] wijde yn [[1941]] yn it Doopsgesind Wykblêd (7 en 17 septimber) twa artikels oan har gedichten. Sjoch ek syn artikel yn de [[Friese Koerier]] fan [[24 desimber]] [[1963]].
Yn 1973, by it romjen fan it begraafplak, krige it moarmeren stientsje in plak yn it [[Museum Willem van Haren]].
 
261

bewurkings