Joseph Roth: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L gjin tikfl.
oanfollinkje rûnom wei
Rigel 6:
Roth waard berne yn Brody yn [[Galysje (East-Jeropa)|Galysje]] yn East-Jeropa, oan de úterste eastgrins fan de doetiidske dûbelmonargy. Nei de middelbere skoalle gie er yn 1913 nei Lviv foar universitêr ûnderrjocht. In jier letter ferfarde er nei [[Wenen]] en begjint er syn stúdzje filosofy en Dútske literatuer. Yn 1916 jout Roth de stúdzje oer en giet er frijwillich it Eastenryks-Hongaarske leger yn. Syn ûnderfinings oan it front yn de [[Earste Wrâldkriich]] hawwe him syn libbenlang neisitten. Dit, en de delfal fan it Habsburchske Keizerryk yn 1918, hat him fan syn woartels berôve, hy koe it nearne mear echt fine, in feit dat gereldwei yn syn wurk werom komt. It hie ek fan gefolgen dat er polityk net yn ien hokje paste, mar hy hinge wol oer nei it konservatisme.
 
Nei de oarloch soe syn wurk fol fan heimwee nei syn ferlerne heitelân bliuwe. Hy skreau romans en koarte ferhalen. Hy waard fral bekend troch syn romans 'Job' (''Hiob'', roman oer it joadske libben, 1930) en 'Radetzkymars' (''Radetzkymarsch'', 1932. Roth syn 'lykskôging fan it âlde Eastenryk'<ref>Benno Barnard, Huizingalêzing 2002</ref>) en it essay ''Juden auf Wanderschaft'' (De swalkjende Joad',1927. In fragmintarysk ferslach fan de joadske migraasje fan East- nei West-Europa nei de Earste Wrâldkriich en [[Russyske Revolúsje]]. <ref>[http://www.kirjasto.sci.fi/jroth.htm www.kirjasto.sci.fi]</ref>. .
 
Roth arbeide fan 1920 ôf as sjoernalist yn [[Berlyn]] foar de ''Neue Berliner Zeitung''. Nei 1921 wurke er foar de ''Berliner Börsen-Courier'' en noch in pear jier letter foar de gesachhawwende ''Frankfurter Zeitung''. Roth hie al betiid aan fan it gefaar dat [[nasjonaal-sosjalisme]] ynhold. Yn 1933 flechte er út Dútslân wei, dêr't syn boeken ferbean waarden. Sûnt hie er in swalkjend bestean: [[Wenen]], [[Praach]], [[Marseille]], [[Oostende]], [[Amsterdam]] en [[Parys]]. Hy wenne yn pensjons en hotels. De kafeetafel waard syn wurkplak. Syn wurk waard sûnttiids útjûn yn Nederlân troch de Amsterdamske útjouwers Frits Landshoff fan [[Querido Verlag|Querido]] en [[Allert de Lange]].
 
Roth's privee-libben stie fan 1928 ôf yn it skaad fan de sykte fan syn frou Friedrike (Friedl) dy't slim fan [[skizofreny]] te lijen hie <ref>Sy waard slachtoffer fan it nasjonaal-sosjalistyske eutanasyprogramma s. Aktion T4 op 15 july 1940</ref>.
Yn dy jierren skreau er ek syn measte romans. Yn Oostende, dêr't in protte ferballe Dútske skriuwers sieten, hie er in pear jier in ferhâlding mei ûnder oaren de skriuwster [[Irmgard Keun]] (dy't him nei harren earste moeting omskreau as 'in minske dy't fan treurichheid wol yn in pear oeren stjerre kinne koe'.
 
Roth stoar yn earmoed yn 1939 as banneling yn Parys oan de gefolgen fan [[alkoholisme]] (delirium en longûntstekking/[[tuberkuloaze]].<ref>[http://www.nytimes.com/books/99/10/31/specials/roth-obit.html ''Joseph Roth, Author of Several Novels, Dies''. New York Times, 6/7/1939, p. 23.]</ref>). Hy kaam te hôf op it Cimetière de [[Thiais]].
 
== Wurk ==