Feriening Ald Harns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
L [[]]
Rigel 1:
De '''Feriening Ald Harns''' is in feriening út de stêd [[Harns (stêd)|Harns]]. De feriening waard op [[8 novimber]] [[1954]] oprjochte troch in oantal minsken dy't har soargen makke oer de wize wêrop der mei de âlde stedskearn omgien waard. In soad weardefolle pânen yn it tige âlde sintrum hie efterstallich ûnderhâld en der waarden manieren socht om it ferfal te kearen. It woe koartsein it monumintale karakter fan [[Harns (stêd)|Harns]] yn stân hâlde.
 
Yn [[1963]] kaam de [[Hein BuismanstichtingBuisman Stichting]] derby, oprjochte troch de Ljouwerter [[Hein Buisman]] dy't him it lot fan de stêd Harns oanluts. De Hein Buismanstichting hat al mear as 70 histoaryske pânen restaurearre.
 
De Feriening Ald Harns stribbet op in oare wize har doelen nei. Sa hâldt se sekuer alle foarnommen besluten, bouaktiviteiten en foarnimmens ta sloop yn'e gaten en besiket dy eventueel te feroarjen. As it needsaaklik is wurde beswierskriften yntsjinne. De feriening jout ek foarljochtingen. Dêrom is der twarres yn jier in ledegearkomst mei lêzingen, films of diafoarstellingen oer har wurkterrein. Elts jier ferskynt ek it ledemagazine mei in soad nijsgjirrige artikels oer notiids en destiids fan de stêd Harns.