Jugendstil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
faaks letter noch skiednis
Rigel 1:
{{stobbe}}
[[Ofbyld:Beardsley-peacockskirt.PNG|thumb|right|200px|Aubrey Beardsley]]
[[Ofbyld:Mucha-Moët & Chandon White Star-1899.jpg|thumb|right|200px|Moët & Chandon White Star fan [[Alfons Mucha]]]]
'''Jugendstil''' ('Jeugdstyl') of '''Art Nouveau''' ('Nije Keunst') is de oantsjutting fan in ynternasjonale keunststreaming dy't tusken sa'n [[1880]] en [[1914]], mei in hichtepunt tusken 1890 en 1905, yn grutte parten fan Europa (fan [[Moskou]] oant [[Madrid]])populêr wie, fral as reaksje op it de foarmferdizening fan it [[ympresjonisme]]. De jugendstil oppenearre him foaral yn gebrûksfoarwurpen ([[glêskeunst]], [[plateel]], [[sieraad|sieraden]], [[meubel]]s ensf.), de [[arsjitektuer]] en de [[skilderkeunst]], mar ek bygelyks yn de [[typografy]]. De bloeitiid fan de streaming wie koart mar fûleinich. Yn West-Europa wie de styl yn 1910 al ferline tiid, yn it easten koe se wat langer oerlibje.
 
Rûchwei kinne twa rjochtingen ûnderskieden wurde: de iene wurdt skaaimerke troch in asymmetryske, weagjende line (Frankryk, Belgje); de oare rjochting hie in mear strakkere styl (Eastenryk, Nederlân: [[H. P. Berlage]]). De skilders út de Jugendstyltiid wurde wol oantsjut as [[symbolisme|symbolisten]] (Nederlân: [[Jan Toorop]]). Har wurk wurk fûn ek neifolging yn boekyllustraasjes en boekbannen.
 
Hoewol't Art Nouveau út de tiid rekke mei de komst fan allerhanne modernistyske stilen, wurdt it tsjintwurdich sjoen as in wichtige brêge tusken it histoarisearjende [[Neoklassisisme]] en it modernisme. Fierders jout de [[UNESCO]] Art Nouveau-monuminten geregeldwei in plak op har Wrâlderfgoedlist as erkenning fan har wichtige bydrage oan it kultuereel erfgoed.
 
==Beneaming==
De oantsjutting jugendstil giet wewrom op de namme fan it wykbblêd ''[[Die Jugend]]'' dat fan jannewaris [[1896]] ôf yn [[München]] ferskynde. Besibbe streamings op oare plakken yn Jeropa hawwe ek oare nammen, dêr't ien fan, '''art nouveau''', lykas jugendstil in oerkoepeljende term wurden is. Art nouveau wurdt yn it generaal it meast brûkt foar de styl yn Belgje en Frankryk, jugendstil wyrdt meast efrbûn mei Eastenryk en Dútslân. Neist dizze termen wurdt yn Nederlân de oersetting ''nieuwe kunst'' wol tapast op úteringsfoarmen fan de styl yn Nederlân sels. Dêrneist wurdt wol gekjeiend sprutsen fan slaoalje-, spaghetti- of fermisellistyl. Beneamingen foar oare pleatslike farianten binne ''Wiener Secession'' yn Eastenryk, it Ingelske ''modern style'' of ''Liberty style'', it Katalaanske ''[[Katalaanske modernisme|modernisme]]'' en de Russyske ''stil modern''.
 
Nettsjinsteande regionale ferskillen binne der inkelde kenmerken dy't hja mienskiplik hawwe: in optimistysk wrâldbyld en lieauwe yn de takomst, in foarleafde foar it brûken fan nije, moderne techniken, tsjinsin fan symmetry en in foarkar foar ornamintyk, mei oerhearkjende blomme- en fûgelmotiven.
 
==Algemiene skaamerken fan jugendstil==