Jugendstil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
sa earst mar
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Beardsley-peacockskirt.PNG|thumb|right|200px|Aubrey Beardsley]]
[[Ofbyld:Mucha-Moët & Chandon White Star-1899.jpg|thumb|right|200px|Moët & Chandon White Star fan [[Alfons Mucha]]]]
Line 14 ⟶ 13:
 
==Algemiene skaamerken fan jugendstil==
it jugendstilornamint is gearstald út motiven dy't gewoanwei asymmetrische komposysjes foarmje mei in twadimensjonaal karakter, sa't men dy sjen kin op meubels, sieraden, lampen, bedrukte stoffen ensaf. De wichtichste ynspiraasjeboarne is de natoer. De motiven binne faak sierlik stileare planten en blommen mei lange stâlen (leeljes, kelken, irissen, papavers, roazeknop), fûgels (swannen, pauwen), libellen, de aaifoarm, wolke- wetter- en rotspartijen, faak kombinearre mei met slanke frouljusfigueren. Dizze ôfbylden waarden foaral op tegeltablo's tapast. Fral gebouwen dy't wat kostje mochten, sa as warehuzen, winkelpânen, apteken, fersekeringskantoaren, filla's en hotels waarden yn jugendstilstyl boud.
 
De weachjende linen wiene in middel om emoasjes stal te jaan. Dizze foarmen wurde fûn by de boekdrukkeunst en by dekorative foarmen fan bygelyks trepsleuningen, balkons en gevels. Izer wie nammentlik gaadlik materiaak om ferwurke te wurden yn sierlike bûgde foarmen. Dat de styl yn sa'n protte keunstfoarmen tapast waard, kaam omdat it wenstich wie dat in arsjitekt ek meubels, sulver, glêswurk, wandfersieringen en affysjes ûntwurp (''[[gesamtkunstwerk]]''). De jugendstilkenmerken kamen it meast ta útering yn de grafyske keunst, dêr't de line it wichtichste elemint is. De yllustraasjes en de letters waarden yn it gehiel ûntwurpen. Sa ûntstie in kombinaasje fan byld en tekst.