Eelkje Poppes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stobbefisearre
dien
Rigel 1:
[[Ofbyld:Eelkje Poppes.jpg|thumb|''Eelkje Poppes'']]
{{stobbe}}
'''Eelkje Poppes''' ([[De Lemmer]], [[9 febrewaris]] [[1791]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[20 septimber]] [[1828]]) wie in gelegenheidsdichteresse.
 
Sy wie in dochter fan Poppe Jans Poppes (1747-1810) en Antje Annes Visser (1758-1832). In 1814 ferskynde in bondeltsje mei trije gedichten fan har: ''Eerstelingen aan mijn vaderland'', foarôfgien troch in lofdicht fan har oansteande man. Dizze patriottysk-orangistyske ferzen skreau hja nei oanlieding fan de delfal fan [[Napoleon]] en it fuortgean fan de Frânsken út Nederlân ein [[1813]]. Op 22 juny [[1815]] troude Eelkje Poppes yn De Lemmer mei [[Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa]] (1791-1851), advokaat, letterkundige, dichter, dy't doe gemeentesekretaris fan [[Lemsterlân]] wie. Sy krigen acht bern; dêrfan waarden trije dochters folwoeksen.
 
It pear gong yn 1818 nei Ljouwert en festige har yn it hûs dat no it [[Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum]] is. Eelkje Poppes hat nei har ''Eerstelingen'' neat mear publisearre. It skynt dat sy noch wol in stikmannich bernegedichtsjes skreaun hat.
Eelkje Poppes stoar mei 37 jier. De tinkstien dy't har man oanbringe liet yn de muorre fan de tsjerke yn [[Huzum]] neamt net allinne har dea, mar ek dy fan ‘vijf onzer kinderen’. En yn fers fan fjouwer rigels betinkt er it ‘aards geluk’ dat sy ‘meer dan dertien jaar’ dielden.
== Publikaasje ==
* ''Eerstelingen aan mijn vaderland'' ([[Snits]], [[1814]]).