Egbert fan Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's
Xqbot (oerlis | bydragen)
L [r2.5.2] Bot - derby: fa:اگبرت وسکس; tekstwiziging
Rigel 7:
Egbert wie in soan fan [[Ealhmund fan Kent|Ealhmund]], kening fan Kent. Nei de dea fan syn heit is syn posysje ûnwis en wurdt er troch [[Offa fan Mercia]] en [[Beorhtric fan Wesseks]] yn 789 nei it fêstelân fan Europa ferbanne. Dêr hat er 13 jier ûnder beskerming fan [[Karel de Grutte]] libbe. Nei it ferstjerren fan Beorhtric yn 802, slagget it Egbert mei stipe fan Karel de Grutte en fan de paus de troan fan Wesseks te besetten. Karel seach him fral as tsjinwicht fan de oermacht fan Mercia. It leger fan Hwicce (in hartochdom yn Mercia), falt Wesseks fuortendaliks oan, mar de oanfal wurdt troch Egbert ôfslein.
 
[[Kornwall]] wurdt ûnderwurpen yn twa fjildtochten yn 815 en 825. Ek yn 825 ferslacht er [[Beornwulf]] fan Mercia by Ellendun (no [[Wroughton]]) en stjoert syn soan [[Ethelwulf]] om syn gesach te fêstigjen yn de gebieten dy't ûnder it bewâld fan Mercia stienen: Kent, [[Keninkryk Esseks|Esseks]] en [[Keninkryk Susseks|Susseks]]. Yn 826 freget [[East Anglia]] om de beskerming fan Egbert. Oanfallen fan Mercia op East Anglia yn 826 en 827 mislearje folslein. Yn 829 ferslacht Egbert Wiglaf fan Mercia en slacht sels munten as kening fan Mercia. Egbert wurdt Bretwalda (de heechste kening) fan Ingelân, dat hy krige ek wat te sizzen oer it grutte Northumberland. Yn 830 folget der noch in ekspedysje nei de kontreien yn [[Wales]] dy't ûnder ynfloed fan Mercia stienen.
 
Fan 830 ôf kriget Wesseks in tiid fan tebeksetters: Wiglaf wint de troan fan Mercia werom. De macht fan Egbert oer East-Anglia, Esseks en faaks ek Kent liket oer. Mooglik hinget dat gear mei it tiidrek fan boargerkriich yn it [[Frankyske Ryk]] wêrtroch't Egbert de stipe fan de Franken ferlear? Uteinlik ûntstiet der in natuerlik machtslykwicht tusken Wesseks, Mercia, East-Anglia en Northumberland - de lytse steaten hawwe harren selsstannigens dan ferlern: Susseks, Kent, Surrey en mooglik ek Esseks binne dan in soarte ûnder-keninkryk ûnder Egbert syn soan Ethelwulf.
Rigel 39:
[[Kategory:Kening fan East Anglia]]
[[Kategory:Kening fan Northumbria]]
 
 
[[af:Egbert van Wessex]]
Line 52 ⟶ 51:
[[eo:Egbert (Wessex)]]
[[es:Egberto]]
[[fa:اگبرت وسکس]]
[[fi:Egbert (Wessex)]]
[[fr:Egbert de Wessex]]